De iisbear (wittenskiplike namme: Ursus maritimus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e bearen (Ursidae) en it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Dit bist komt foar yn it Noardpoalgebiet en is maklik fan oare bearen te ûnderskieden troch syn tsjûke wite pels. It is it grutste libbene lânrôfdier fan 'e wrâld. It is ek de iennichste hyperkarnivoare bear, mei't it dieet fan oare bearen foar mear as de helte út plantaardich materiaal bestiet, dat yn it ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear net foarhâns is. Ynstee hat de iisbear him spesjalisearre yn 'e jacht op seesûchdieren. De iisbear is in solitêr libjend deidier, dat gâns seksuele dimorfy fertoand mei't de wyfkes folle lytser binne as de mantsjes. De measte iisbearen binne it jier rûn aktyf; inkeld drachtige wyfkes hâlde in wintersliep. Tsjintwurdich stiet de iisbear as soarte ûnder druk troch de klimaatferoaring, dy't in flugge ôfname feroarsaket fan it see-iis dêr't dit bist foar in grut part ôfhinklik fan is om syn proaien berikke te kinnen. De IUCN klassifisearret de iisbear dêrom as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid

Taksonomy en evolúsje Taksonomy De Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus klassifisearre de iisbear yn 1758 yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ as in ôfwikende populaasje fan 'e brune bear (Ursus arctos) ûnder de namme Ursus arctos albus-major, arcticus. It wie de Ingelske marine-ofsier en ûntdekkingsreizger Constantine John Phipps, 2e baron Mulgrave dy't dit bist yn 1774 foar it earst beskreau as in selsstannige soarte nei't er yn 1773 lieding jûn hie oan in ekspedysje yn 'e rjochting fan 'e Noardpoal. Hy joech de iisbear de wittenskiplike namme Ursus maritimus, wat letterlik "seebear" betsjut.

Letter pleatsten beskate oare taksonomen, lykas Theodore Knottnerus-Meyer, de iisbear omreden fan syn oanpassings oan it libben op iepen see yn in eigen monotypysk skaai, dat Thalarctos neamd waard (in gearlûking fan twa Grykske wurden: thalassos, "see", en arktos, "bear"). Mar tsjintwurdich wurdt de iisbear rûnom erkend as in jildich lid fan it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Binnen dat skaai is er it naust besibbe oan 'e brune bear, wêrmei't er fruchtbere neikommelingen produsearje kin.

Evolúsje Fossilen fan iisbearen binne seldsum. It âldste fossyl fan dizze soarte is in ûnderkaak fan 130.000–110.000 jier âld, dy't yn 2004 fûn waard op it eilantsje Prins Karls Forland yn it westen fan 'e ta Noarwegen hearrende Arktyske arsjipel Spitsbergen. Yn 'e njoggentjinde iuw ûntstie de teory dat de iisbear in direkte ôfstammeling wêze soe fan in populaasje fan 'e brune bear (Ursus arctos) dy't ûnder de Foarlêste Glasiaal (347.000–130.000 jier lyn) troch gletsjers isolearre rekke yn Alaska en/of it Fiere Easten fan Sibearje. De útkomsten fan ûndersiken nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten út 'e 1990-er en 2000-er jierren ûnderstipen it idee dat de iisbear fan 'e brune bear ôfstamje soe. In ûndersyk út 2010 rûsde dat de iisbear omtrint 150.000 jier lyn as soarte ûntstien is.

Guon populaasjes brune bearen blieken sels nauwer besibbe te wêzen oan 'e iisbear as oan oare populaasjes brune bearen. Dêrby gie it benammen om 'e Sitkabear (U. a. sitkensis), in ûndersoarte fan 'e brune bear fan it Admiraliteitseilân, Baranof en Chichagof yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska. Lettere ûndersiken dêrnei brochten oan it ljocht dat dy nauwe genetyske sibskipsbân it resultaat wie fan krusings tusken de beide soarten op dy eilannen yn 'e Lêste Glasiaal (105.000–11.700 jier lyn), doe't dêr blykber in populaasje iisbearen isolearre rekke wie fan 'e rest fan 'e soarte. In oare populaasje brune bearen dy't him blykber in protte mei iisbearen fuortplante hat, wie de prehistoaryske (no útstoarne) brune-bearepopulaasje fan Ierlân, dy't foar 211/2% iisbeare-DNA hie.

Utkomsten fan lettere, mear yngeande ûndersiken sprieken lykwols de teory tsjin dat de iisbear in direkte ôfstammeling fan 'e brune bear is. Ynstee is der in rivalisearjende teory oppenearre dy't hawwe wol dat de iisbear en de brune bear nau besibbe sustersoarten binne, dy't allebeide ûnôfhinklik faninoar fuortkomme út deselde lêste mienskiplike foarâlder. In ûndersyk út 2012 lei it ûntstean fan 'e iisbear as selsstannige soarte op 600.000 jier lyn, wylst in ûndersyk út 2022 hawwe woe dat de iisbear al mear as 1 miljoen jier bestie.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear leit yn 'e Arktis, dêr't dit bist waarnommen is oant op 25 km ôfstân fan 'e Noardpoal. Iisbearen libje sawol op lân as yn 'e see, hoewol't se yn it lêste gefal net sûnder in beskate mjitte fan see-iis kinne. Op lân komme se foar by de kusten lâns fan Alaska fan 'e Yukon-Kuskokwimdelta fia it Sewardskiereilân, it eilân St. Lawrence en de Pribilofeilannen nei it noarden en dan by de Noarderbedelte lâns nei it easten. Yn Kanada libje se oan 'e kusten fan 'e Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût, op alle eilannen fan 'e Kanadeeske Arktyske Arsjipel, by de kusten fan 'e Hudsonbaai en de Jamesbaai lâns, op it Ungavaskiereilân yn noardlik Kebek, en teffens yn Labrador. De fersprieding berikt syn súdlikste punt wrâldwiid op it eilân Nijfûnlân en yn it oerseesk gebietsdiel fan Frankryk Sint-Pierre en Miquelon, fuort besuden Nijfûnlân.

Fierder nei it easten ta folget de fersprieding op lân alle kusten fan Grienlân, de Arktyske arsjipel Spitsbergen, dy't ta Noarwegen heart, en dan de noardlike kustregio's fan Jeropeesk Ruslân fan it Kaninskiereilân nei it easten ta. Iisbearen komme ek foar op Nova Sembla en de Sibearyske eilannen, lykas de Noardlân, de Nijsibearyske Eilannen en Wrangel. Op it fêstelân fan Jeraazje folget it ferspriedingsgebiet in brede stripe by de noardkust fan Sibearje lâns, dy't yn it Russyske Fiere Easten ek it Tsjûkotkaskiereilân en Kaap Navarin oan 'e súdkant fan 'e Golf fan Anadyr omfettet. Wat de fersprieding op see oanbelanget, komme iisbearen winterdeis foar yn frijwol de hiele Noardlike Iissee en alle râneseeën dêrfan, oant en mei de noardlike Beringsee yn it Fiere Easten en de eastlike Saint Lawrencebaai by Nijfûnlân.

Uterlike skaaimerken De iisbear is de grutste libbene bearesoarte, en teffens it grutste libbene lânrôfdier, hoewol't beskate ûndersoarten fan 'e brune bear (Ursus arctos), spesifyk de Kodiakbear (U. a. middendorffi), de iisbear datoangeande nei de kroan stekke kinne. Der bestiet by de iisbear oansjenlik wat seksuele dimorfy wat lichemsgrutte en -gewicht oanbelanget. Mantsjes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 200–250 sm en in gewicht fan 300–800 kg. Wyfkes binne in hiel stik lytser en lichter, mei in trochsneed kop-romplingte fan 180–200 sm en in gewicht fan 150–300 kg, hoewol't in wyfke dat drachtich is en harsels fet fretten hat krekt foar de wintersliep wol 500 kg weagje kin. It gewicht fan sawol mantsjes as wyfkes fluktuëarret sterk geandewei it jier en kin wol mei 50% omheech en omleech gean. De swierste iisbear dy't ea dokumintearre is, wie in mantsje dat yn 1960 by Kotzebue yn noardwestlik Alaska sketten waard, en dat in gewicht hie fan 1.002 kg, oftewol rom in ton. De sturtlingte is by beide geslachten 7,6–12,6 sm. De skofthichte fan in folwoeksen iisbear is likernôch 130–160 sm. As in folwoeksen iisbear him op 'e efterpoaten oprjochtet, is er 2.40–3.00 m lang. It grutste eksimplaar dat ea dokumintearre waard, berikte yn dy posysje in lingte fan 3.70 m.

Yn ferhâlding ta de nau besibbe brune bear hat de iisbear in rankere lichemsbou, mei in smellere, plattere en lytsere plasse, in langere hals, en in legere skouderbulte. Yn profyl bûcht de snút lichtsjes nei ûnderen ta, en der wurdt dêrom wol sein dat iisbearen in kromme noas hawwe. Har rooksin is tige skerp, en spesjalisearre foar it rûken fan proaien oer lange ôfstannen. It gebit fan in iisbear bestiet út 34–42 tosken, wêrûnder 12 snijtosken, 4 hoektosken, 8–16 foarkiezzen en 10 kiezzen. Tusken de hoektosken en de foarkiezzen yn sit in grut diasteem (spjalt) yn it gebit, mooglik om't it bist dêrtroch syn proaien djipper bite kin. Om't de iisbear ornaris bisten bejaget dy't folle lytser binne as dat er sels is, hat er net in bysûnder krêftige byt. De poaten fan iisbearen binne bûtenproporsjoneel grut yn ferhâlding ta it lichem, wat helpt om net of net al te djip yn snie wei te sakjen. De poaten binne mear behierre as by oare bearesoarten, wat sawol helpt om se waarm te hâlden yn it poalklimaat, as om in bettere gryp te krijen op iis. De kromme klauwen binne lyts mar gemien skerp en wurde sawol brûkt om proaien beet te gripen as om sels út 'e see wei op it iis te klimmen.

De eagen sitte by de iisbear deunby de boppekant fan 'e kop, sadat se dy by it swimmen net fier út it wetter hoege te tillen en sjoch om har hinne. Yn ferhâlding ta har lichemsgrutte binne de eagen frij lyts, wat mooglik in adaptaasje is om minder lêst fan stosnie en snieblinens te hawwen. It gesichtsfermogen fan iisbearen is digromatysk en mist de kegeltsjes foar it sjen fan middellange weachlingten. Dat betsjut dat se read en blau sjogge, mar gjin grien. Se hawwe in protte steafkes foar it sjen yn griistinten, en dêrtroch sjogge se poerbêst yn it tsjuster. De earen binne lyts, sadat iisbearen fia dy wei net tefolle lichemswaarmte ferlieze. Ek beskermet it tsjin befriezing fan 'e earen. It gehoar fan iisbearen rint fan 11,2–22,5 kHz. Dat is in breder frekwinsjeberik as men ferwachtsje soe, yn acht nommen dat har proaien oer it algemien inkeld lûden yn lege frekwinsjes meitsje.

De pels is opboud út ticht ûnderhier fan sa'n 5 sm lang en mear iepen boppehier mei in lingte fan likernôch 15 sm. De boppehierren binne hol, sadat se in isolearjende mantel foarmje wêryn't lichemswaarmte fêstholden wurdt. By it swimmen jout it lucht fêsthâldende boppehier de bisten ek in goed driuwfermogen. De pels fan iisbearen is wyt troch de ôfwêzigens fan pigminten, mar kriget wat langer wat mear in gielige kleur neigeraden dat er mear bleatsteld wurdt oan direkt sinneljocht. By it ferhierjen kriget de pels, foar in skoftke, syn oarspronklike sniewite kleur wer werom. It wite hier is oerdúdlik in evolúsjonêre adaptaasje oan it biotoop dêr't iisbearen libje, mei't wyt dêr in skutkleur is dy't weiwurdt tsjin 'e eftergrûn fan snie en iis. De hûd fan 'e iisbear is swart, sa't te sjen is op 'e plakken fan syn lichem dêr't gjin hier groeit: de noas en de lippen. Swartens nimt sinneljocht op, dat salang't de sinne skynt, kriget in iisbear gjin kâlde noas. Under de hûd hawwe iisbearen in laach fan 5–10 sm fet, dat harren fierder fan 'e kjeld isolearret en har lichemstemperatuer op in fêste 36,9 °C hâldt, ek al leit de temperatuer fan har om-en-by fier ûnder nul.

Biotoop It biotoop fan 'e iisbear is de poalstreek, spesifyk by de Noardpoal. Dêropta libje iisbearen simmerdeis faak op 'e toendra by de kusten fan 'e Noardlike Iissee en syn râneseeën lâns. Winterdeis libje se foar it meastepart op it see-iis dat dan de Noardlike Iissee bedekt. Dizze soarte is ôfhinklik genôch fan 'e see om foar in seesûchdier oanmurken te wurden.

Hâlden en dragen Fuortbeweging