De readkopmosk (Passer cinnamomeus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining De soarte wurdt sa 14 oant 15 sm lang en weaget 18 oant 22,5 gram. Hy hat in tsjokke snaffel, dy't geskikt is sied te iten. De spanwiidte fan mantsjes fariearret tusken 6,8 en 8,2 sm en dy fan wyfkes tusken 6,7 en 7,7 sm.
It mantsje hat in heldere kastanjebrune kroan en rêch, in wyteftich wang, in smel swart plak oer de kiel en in ljochtgrize búk. It wyfke is brúneftich mei brede streken op 'e boppekant, ljocht fan ûnder mei wite wjukstreken en in brede ljochtbrune wynbraustreek. De iris is kastanjebrún en de poaten binne ljochtbrún oant rôze-eftich brún.
De ôfmjittingen tusken de ûndersoarten fan 'e readkopmosk ferskille geografysk en ek binnen de Himalaya-ûndersoarte cinnamomeus, dy't oer it generaal wat grutter is as de oare ûndersoarten.
Fersprieding De soarte komt foar yn dielen fan East-Aazje en de Himalaya en hat trije ûndersoarten:
P. c. cinnamomeus: noardeastlik Afganistan, de Himalaya en súdlik Tibet. P. c. intensior: noardeastlik Yndia, Birma, súdlik Sina en noardlik Yndosina. P. c. rutilans: noardlik sintraal en eastlik Sina, Koreä, Taiwan, Sachalin, de Koerilen en Japan.
Hâlden en ddragen thumb|left|Foerazjearjende readkopmoskjes yn Pakistan. De soarte yt benammen sied fan krûden en nôt, mar benammen yn 'e briedtiid ek beien en ynsekten. Hy briedt yn pearkes en net mei oare fûgels. Bûten de briedtiid foarmet er kloften. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is it in trekfûgel, dy't teminsten tusken ferskate hichten migrearret. It nêst wurdt boud yn in gat yn in beam, yn in rots of yn in gebou. It lechsel bestiet út fiif of seis witige aaien. Beide âlden briede en bringe de jongen grut.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De soarte wurdt omskreaun as lokaal gewoan oant gewoan, mar yn in diel fan syn ferspriedingsgebiet seldsum (Clement 1999).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam