De gielbúkmosk (Passer flaveolus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining thumb|left|Fûgel yn Tailân. It mantsje fan 'e 14 sintimeter grutte fûgel hat in grize kroan, in swart plak tusken de swarte snaffel en it each en in rustbrún plak efter it each nei de nekke ta. De kiel is swart en fan ûnder is de fûgel fierder gielich. Syn rêch is rustbrún en nei efter mear oliifgrien. De fearren fan 'e wjukken en sturt binne donker mei ljochte rânen. It wyfke is sûnder markearing, fealer en hat in hoarnkleurige snaffel.
Fersprieding De soarte komt foar yn Kambodja, Laos, Maleizje, Birma, Tailân en Fjetnam. It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoaren is.
Hâlden en dragen Gielbúkmosken binne kultuerfolgers en komme yn tunen, plantaazjes en op lânbougrûn foar. Se ite fral sied fan ferskillende planten en ek fan nôt.
It wyfke leit trije oant sân aaikes yn in fan gers boud kûgelfoarmich nêst. De ynkubaasjetiid duorret 15 oant 24 dagen. De jongen binne nêstbliuwers en wurde troch beide âlden fersoarge. Se briede yn losse koloanjes.
Status De IUCN klassifisearret de soarte fanwegen de grutte fersprieding as net bedrige (Least Concern, 2024). De populaasjetrend is stabyl.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam