thumb|Osingastate by Skettens nei in tekening fan J. Stellingwerf De famylje Fan Osinga is in Fryske aadlike famylje dy't hjoed-de-dei noch hieltyd bestiet, mar ûnder de namme Osinga.
Sydse Sybrens fan Osinga soan fan Sybrand, boaske op 29 juni 1628 Tjets Tjallinghsdr Sixma yn Langwar. Sydse en Tjets krigen om 1628 hinne in soan Sybren Sydses Osingha (1628-1678). Sûnt de berte fan Sybren waard fan fuortlitten en sûnt net mear yn 'e berte-akte opskreaun. Sybren wie de iennige fan 'e famylje dy't de namme trochjoech. Hy joech de efternamme troch oan syn dochter Sjoukje Sytzes Osinga (1665-?). Sûnt Sjoukje binne der hjoed-de-dei al alve nije generaasjes fan (fan) Osinga.
In wichtige takke wenne yn Skettens en wie guon generaasjes lang grytman fan Wûnseradiel. De dêr meast bekende fan wie Sybren fan Osinga (1563-1623).
Syn portret-grêfsark fan him en syn frouw, heart alhiel ta de top fan byldhoukeunst op dat mêd. Dy renêssânse-sark waard makke troch de sublime byldhouwer Pieter Claas Antiek.
Sybren wenne, lykas syn foarâlden, yn Skettens op de Osingastate. Fan dy state is ien ôfbylding bewarre bleaun.
In Skettens is de wichtichste strjitte (Fan Osingawei) nei de famylje neamd.
Syn soan Syds fan Osinga waard yn 1619 grytman fan Doanjewerstâl. Hy wenne yn Langwar op de nei him neamde Osingastate. Dy state waard nei de kriich weropboud en tsjinne lange tiid as gemeentehûs.
Guon telgen Sybrand fan Osinga (1553-1623), grytman fan Wûnseradiel, deputearre. Bewenner fan Osingastate yn Skettens. Syds fan Osinga (likernôch 1590 - likernôch 1664), grytman fan Doanjewerstêl, deputearre. Bewenner fan Osingastate yn Langweer.
Keppeling om utens Genealogy Fan Osinga
Osinga