Sjartreuze is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan grien. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in gielgrien, griengiel, gielich grien of grienich giel. De namme 'sjartreuze' komt fan it Frânske wurd chartreuse, dat oarspronklik inkeld ferwiisde nei in soarte sterke drank mei dizze kleur.
Dy drank wurdt sûnt 1737 produsearre troch de mûntsen fan in kartuzysk kleaster yn it Chartreuseberchtme yn it foarlân fan 'e Frânske Alpen, yn 'e omkriten fan Grenoble. As kleuroantsjutting waard chartreuse foar it earst yn 1764 optekene.
Yn 'e 2000-er jierren waard sjartreuze as kleur populêr troch de Amerikaanske Shrek-franchise, oer in oger mei in sjartreuze hûdskleur. Der waard in ûnbidige hoemannichte merchandising yn dy kleur op 'e merk brocht. Yn 2024 folge in nije perioade fan populariteit foar dizze kleur doe't de Britske sjongster Charli XCX it album Brat útbrocht, dat in sjartreuzekleurige omslach hie.
Sûnt likernôch 1973 wurdt in soarte fan fluoresearjend sjartreuze yn guon dielen fan 'e wrâld brûkt as kleur fan 'e brânwacht ynstee fan it algemiener foarkommende read. Dy ûntjouwing begûn yn New York, nei't Stephen Solomon, in Amerikaansk eachdokter, beweard hie dat brânwachtauto's yn dy kleur by tsjuster better waar te nimmen wêze soene foar oare ferkearsdielnimmers.
Yn it Australysk Haadstedsk Territoarium (ACT) hawwe fiertugen fan 'e brânwacht ynstee fan read of sjartreuze in nei sjartreuze niigjende kleur giel, dy't pleatslik ACT yellow neamd wurdt.
Galery
Sjartreuzetinten De wichtichste tinten sjartreuze binne:
sjartreuze (webkleur) #80FF00 sjartreuze (tradisjoneel) #DFFF00 gazongrien #7CFC00 felgrien #66FF00 gielgrien #9ACD32 griengiel #ADFF2F limoen #BFFF00 maitydsknopgrien #A7FCOO
Kategory:Kleur Kategory:Lienwurd út it Frânsk