De blaubúkrôlder (Coracias cyanogaster) is in fûgel yn it skaai rôlders (Coracias) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).

Ferskining De blaubúkrôlder is in 28 oant 30 sm lange fûgel fan likernôch it formaat fan in ka. De soarte hat in in tige donkerbrune rêch, in bleke kanielkleurige kop, nekke en boarst mei fierder in fral blau fearrekleed. Folwoeksen fûgels ha lange sturtfearren fan 6 sm. Mantsjes en wyfkes binne fergelykber, mar jonge fûgels binne in doffere ferzje fan 'e folwoeksen fûgel.

De blaubúkrôlder falt op yn syn krêftige flecht mei syn troch in turkwaze streek ûnderbrutsen keningsblauwe wjukken yn kontrast mei de donkerbrune rêch en kanielkleurige kop mei in donkere eachstreek en in turkwaze sturt mei de lange sturtfearren.

Fersprieding De fûgel is in Afrikaanske stânfûgel dy't fan Senegal en Gambia oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk, de súdlikste dielen fan Sûdan en de noardeastlike Demokratyske Republyk Kongo foarkomt. Sa út en troch wurdt er ek yn Mauretaanje sjoen. De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is .

Hâlden en dragen De fûgel wurdt oantroffen op fochtige savanne's mei Isoberlinia-beammen. Faak sit er lykas wurgerfûgels op hege útsjochpunten lykas beamtoppen, peallen en tillefoantriedden op syk nei gaanders en oare ynsekten. De fûgel briedt yn in beamgat tusken april en juny yn Senegal, maart oant maaie yn Sierra Leöane en febrewaris oant septimber yn Senegal.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en ek de populaasje is grut, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt fanwegen habitatferneatiging yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet. De tebekgong is lykwols net sa slim dat er bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). Der bestiet gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel wurdt omskreaun as tige algemien oant gewoan.

Kategory:Rôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo