De gielsnaffelrôlder (Eurystomus glaucurus) is in fûgel yn it skaai breedsnaffelrôlders (Eurystomus) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining De fûgel is 27 oant 29 sm lang en it mantsje weaget 94 oant 166 gram, it wyfke 84 oant 149 gram. De nominaat is op 'e kop, rêch en wjukdekfearren waarmbrún. De stút, boppesturtdekfearren en slachpinnen binne poarperblau. De fûgel hat in brede, opfallende heldergiele snaffel. Yn 'e flecht kontrastearje de helderblauwe wjukken en sturt mei de brune rêch.
Fersprieding De soarte komt yn Afrika súdlik fan 'e Sahara foar en op Madagaskar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
E. g. eathiopicus: West-Etioopje en Sûdan E. g. afer: fan Senegal oant Sûdan, de kustlannen fan West-Afrika en it noarden fan Kongo-Kinsjasa. E. g. suahelicus: fan súdlik Somaalje oant sintraal Kongo-Kinsjasa, noardeastlik Sambia, Angoala, en KwaZulu-Natal. E. g. glaucurus: Madagaskar.
It leefgebiet bestiet út heal iepen gerslân mei beammen, oanplante bosk, agrarysk gebiet, parken yn bûtenwiken fan stêden en ek bercheftich gebiet mei bosk en strewellen oant likernôch 1600 m en yn East-Afrika oant 2500 m hichte.
Hâlden en dragen Lykas oare rôlders wurdt er faak op in posysje heech yn in beam, in peal of op stroomtried sjoen. De fûgel is oerdeis meast ynaktyf, mar yn 'e lette middei jaget er op fleanende michammels en termiten, somtiden yn grutte groepen fan 100 of mear. De soarte drinkt lykas sweltsjes troch syn snaffel yn 'e flecht yn it wetter te dompeljen. It nêst sit yn in beamgat, wurdt net beklaaid en bestiet út twa oant trije aaien.
Status De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en is oer it generaal algemien. Der is gjin oanlieding om te tinken dat de oantallen tebekrinne. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Breedsnaffelrôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe