De readsnaffelrôlder (Eurystomus orientalis) is in fûgel yn it skaai breedsnaffelrôlders (Eurystomus) út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining thumb|left|Fûgel mei iepen wjuk. De soarte is in 28 oant 30,5 sm lange rôlder. De fûgel hat in tsjuster, blaugrien fearrekleed. De kop is brún mei in koarte en brede reade snaffel en ûnder de snaffel op it kin in blau plakje. Lykas de oare soarten fan it skaai binne de wjukken lang. Op 'e primêre dekfearren fan 'e donkere wjukken sit in ljochte wite streek. De poaten en eachring binne ek read. Juvenilen ha gjin reade snaffel.
Fersprieding De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet fan Yndia eastlik oant Korëa en súdlik oant Austraalje. De fûgel is ferdield yn tsien ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Eurystomus orientalis abundus – briedt fan 'e Himalaya oant Sina, Mantsjoerije en Koreä; oerwinteret yn Yndoneezje Eurystomus orientalis orientalis - briedt fan 'e súdlike Himalaya eastlik oant de Ryukyu-eilannen en de Filipinen en súdlik oant de Grutte Sûnda-eilannen; oerwinteret yn súdeastlik Yndia, de Filipinen, Selebes en Halmahera Eurystomus orientalis irisi - Sry Lanka Eurystomus orientalis gigas - Súdlike Andamaneneilannen Eurystomus orientalis oberholseri - Simeulue (eilân foar de kust fan Sumatra) Eurystomus orientalis latouchei - noardeastlik Sina Eurystomus orientalis waigiouensis - Nij-Guineä, West Papoea-eilannen, D'Entrecasteaux-eilannen en Louisiade-eilannen Eurystomus orientalis pacificus – noardlik en eastlik Austraalje; oerwinteret yn Nij-Guinea , súdlike Molukken en tichteby lizzende eilannen Eurystomus orientalis crassirostris - Bismarckarsjipel Eurystomus orientalis solomonensis - Salomonseilannen
Hâlden en dragen De fûgel komt foar oan boskrânen en iepen plakken en oanbuorjende lânbougrûn. Faak sit de fûgel op in keale tûke en fan dat plak falt er út om grutte fleanende ynsekten te fangen. It is in sosjale fûgel, dy't fral by it skimerjen aktyf wurdt en yn groepen jaget. De soarte briedt yn in beamgat. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in trekfûgel, yn it sintrale ferspriedingsgebiet in stânfûgel.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). De populaasjetrend is lykwols net bekend (2026).
Kategory:Breedsnaffelrôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam