De brúnrêchgoudmosk (Passer luteus) is in fûgel út 'e famylje fan ' e moskfûgels (Passeridae). De fûgel waard ynearsten troch Martin Lichtenstein yn 1823 as Fringilla lutea beskreaun fan in eksimplaar út Sûdan. De spesifike namme betsjut yn Latyn saffraangiel.
Ferskining De brúnrêchgoudmosk is in frij lytse mosk mei in lingte fan 12 oant 13 sintimeter. It mantsje is tige ûnderskiedend mei in heldergiele kop en giele ûnderkant, in kastanjekleurige rêch en kastanjekleurige wjukken mei twa wite wjukbannen. Yn it briedseizoen is de snaffel swart en yn it winterkleed hoarnkleurich. It wyfke is bleek sânbêzje mei in gielich gesicht, ljochtbrune wjukken, in kastanjekleurige rêch en in bleekgiele oant wytige ûnderkant.
De fûgel waard earder ta deselde soarte as de Arabyske goudmosk rekkene, dy't folle gieler is. Sels de kastanjemosk waard wol as konspesifyk beskôge. thumb|250px|Mantsje fan 'e soarte neffens syn neiste sibben. F.l.n.r. Arabyske goudmosk, brúnrêchgoudmosk (P. luteus), kastanjemosk (Passer eminibey). Fersprieding De fûgel komt fan Mauretaanje oant Senegal foar, Boerkina Faso, Sûdan en noardlik Etioopje. Yn april 2009 waard in keppel fan sân fûgels noardwestlik fan Aousserd yn 'e Westlike Sahara sjoen. Yn 2013 waarden twa fûgels sjoen yn 2013 en noch in pear yn 2014.
Hâlden en dragen thumb|left|Groepke brúnrêchmoskjes yn Sûdan. Brúnrêchgoudmosken ha in foarkar foar drûge iepen savanne's, healwoastinen, drûch strûklân en boulân. De soarte yt sied, mar yt fral yn 'e briedtiid ek ynsekten om syn jongen te fieden. De fûgel is tige sosjaal en nomadysk en foarmet faak mingde kloften mei oare sieditende soarten lykas de readbekwever. As er nachts rêst, faak yn grutte stêden, kinne tûzenen fûgels byinoar komme.
De soarte briedt yn tige grutte koloanjes oant somtiden wol 65.000 nêsten. It nêst is yn in in tige grutte en rûch boude koepel yn tûken. Dêryn leit it wyfke ien of twa lechsels fan trije oant fjouwer wite aaikes mei donkere plakjes.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar wurdt as gewoan oant tige gewoan omskreaun.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan