De blaukielrôlder (Eurystomus gularis) is in fûgel út de famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining De fûgel is likernôch 25 sm lang en it mantjes weaget 92 oant 117 gram, wyfkes 88 oant 108 gram. De fûgel hat in blauwe kiel, blauwe wjukfearren en in blauwe sturt en in heldergiele sterke snaffel. Hy liket fierder in soad op 'e gielsnaffelrôlder mei deselde waarmbrune kleur boppe.
Fersprieding De soarte komt foar yn Afrika súdlik fan 'e Sahara. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
E. g. gularis: reinwâlden fan Guinee en westlik Kameroen. E. g. neglectus: fan súdlik Nigearia oant Uganda en Angoala.
It leefgebiet bestiet út reinwâlden, sekundêr bosk en bercheftich gebiet oant 1800 m boppe de seespegel.
Status De blaukielrôlder hat in grut ferspriedingsgebiet en komt algemien foar yn geskikt leefgebiet. Oannommen wurdt dat troch houtkap en de oanlis fan ynfrastruktuer syn leefgebiet krimt. Dêrom wurdt ek oannommen dat de fûgel yn oantallen ôfnimt, mar net sa rap dat de fûgel no as bedrige beskôge wurde moat. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
Kategory:Breedsnaffelrôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda