De flaggesturtrôlder (Coracias spatulata) is in fûgel út 'e famylje fan 'e rôlderfûgels (Coraciidae).

Ferskining De 28 oant 30 sm lange fûgel weaget 88 oant 111 gram. Mei de twa lange bûtenste sturtpinnen is de fûgel noch 8 sm langer. De sturtpinnen einigje spatelfoarmich, dêrfandinne de namme fan 'e fûgel. It is de lytste Afrikaanske rôlder mei in wite foarholle en wite eachstreek. Oer de krún en nei nekke ta is de fûgel feal moasgrien, dat op 'e rêch yn readbrún oergiet. Fan ûnder is de fûgel ljochtblau en de wjukken en stuit binnedonkerblau.

Fersprieding De flaggesturtrôlder is in stânfûgel yn tropysk Súdwest-Angoalaoant Noardeast-Tanzania en Súd-Mozambyk. Yn it suden fan Tanzania, Sambia en noarden fan Mozambyk wurdt de foarm weigalli fûn, dy't nei alle gedachten in kleurmorf is of faaks in subfolwoeksen fearrekleed (as de fûgel noch net de folslein folwoeksen kleuren hat). De weigalli is ek wol as in aparte soarte beskreaun en wurdt troch guon as in ûndersoarte behannele.

It habitat bestiet meast út miombobosk.

Hâlden en dragen Flaggesturtrôlders it ferskillende soarten ynsekten, lykas fleanende mychammels, termiten, gaanders en skorpioenen. Se sitte faak op in útsjochtpunt en dûke del as se in proai sjogge. De fûgel pakt syn proaien meast fan 'e grûn mar somtiden ek wol út de loft. It nêst sit yn in beamholte.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de soarte yn oantal ôfnimt, mar noch net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Kategory:Rôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe