De sahelrôlder (Coracias abyssinicus, synonym: Coracias abyssinica) is fûgel út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae).
Ferskining thumb|left|Sahelrôlder yn 'e flecht. De 99 oant 140 gram swiere fûgel is 28 oant 31 sm lang en ynklusyf syn twa lange sturtfearren nochris maksimaal 12 sm langer. De kop fan 'e soarte is ljochtblau mei op 'e foarholle en it kin bêzje fearkes. Syn rêch is ljochtbrún en de stút en de boppesturt binne donkerblau. De lytse dekfearren binne ljochtblau, de middelste dekfearren ljochtgrien, de primêre en grutte dekfearren binne turkwaze en de slachpinnen donkerblau. De fûgel hat twa lange sturtpinnen dy't foarby de sturt swart wurde. De sahelrôlder liket op 'e lilaboarstrôlder, mar is oars om't de sturtfearren langer binne en it boarst net lila mar blau is.
Mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed, wylst juvenilen blekere ferzjes binne fan 'e folwoeksenen.
Fersprieding Sahelrôdlers komme foar fan Senegal en Gambia oant Etioopje, Somaalje en Kenia, en op it Arabysk Skiereilân yn Jemen en Saûdy-Araabje. Hy is foar in part migrearjend, mar syn migraasjepatroanen binne min bekend. Ut en troch wurdt er ek yn Egypte, Lybje en Mauretaanje waarnommen.
Systematyk De soarte waard earder yn ûndersoarten ferdield, mar hjoed-de-dei wurdt er as monotypysk behannele. De iennige stúdzje fan geografyske ferskillen lit fan it westen nei easten in stadige tanimming sjen fan 'e lingte fan 'e lange sturtfearren.
Hâlden en dragen thumb|left|Sahelrôlder yn Senegal. It habitat fan 'e fûgel bestiet út iepen lânskip, ynklusyf lânbougebieten en gebieten tichteby minsken. Hy wurdt faak allinnich of yn pearkes sittend yn beammen of op peallen of triedden sjoen, dêr't er siket nei grutte ynsekten, lytse slangen, hagedissen en somtiden ek lytse kjifdieren. De fûgel wurdt ek by boskbrannen sjoen, dêr't er profitearret fan flechtsjende ynvertebraten. De fûgel nêstelet yn in tin omrâne beamgat of yn in gebou. In lechsel bestiet út trije oant seis aaien.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der wurdt oannommen dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje (2026), mar de fûgel wurdt as algemien omskreaun.
Kategory:Rôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen