De rôlder (Coracias garrulus) is in fûgel út 'e famylje rôlderfûgels (Coraciidae). It is de iennige Europeeske fertsjintwurdiger fan 'e famylje.

Ferskining thumb|Arrival (47961559816)|thumb|left|Fûgel by it nêst. De rôlder is likernôch like grut as in ka en wurdt likernôch 31 oant 32 sm lang, in spanwiidte fan 52 oant 58 sm en 127 oant 154 gram swier. De fûgel hat in grutte kop mei in krêftige, swarte snaffel. It fearrekleed is grienblau mei djipblau op 'e lytse wjukdekfearren, stút en dielen fan 'e ûnderwjukken. De fûgel hat in De fûgel hat in readbrune rêch en de wjukpunten en de boppekant fan 'e sturt binne swart. Yn 'e flecht is er noch opfallender, om't de swarte wjukfearren ôfsteken tsjin it heldere blau. Hy fleant fluch en krêftich.

Juvenilen binne doffer en ha in ljochtere brune rêch.

Ferskining De rôlder komt foar yn Súd- en East-Europa en yn Aazje fan Turkije en Irak oan West-Sina en Pakistan. It is in trekfûgel dy't yn augustus of septimber nei Afrika migrearret en yn april oant maaie werom komt yn it briedgebiet. It oantal rôlders yn Europa is ôfnommen mei't de lânbou feroare en grutskaliger waard. Oant yn 'e 19e iuw brieden rôlders ek yn Sweden, wylst se dêr hjoed-de-dei net mear foarkomme.

Der binne twa ûndersoarten:

C. g. garrulus: fan noardlik Afrika en sintraal en súdlik Europa oant Iran en súdwestlik Sibearje. C. g. semenowi: fan Irak oant westlik Pakistan, de westlike Himalaya en sintraal Kazachstan.

Der is gjin bewiis dat de fûgel lykas yn Denemark of Dútslân ea yn Nederland in lânseigen fûgel west hat. Nederlân lei oan 'e râne fan it ferspriedingsgebiet. De soarte komt út en troch yn Nederlân as dwaalgast foar.

Hâlden en dragen De fûgel hat in foarkar foar iepen, drûge gebieten mei hjir en dêr grutte, âlde beammen. Dêrnjonken moat der foldwaande dea hout wêze, dy't in goed habitat biede foar ynsekten. De fûgel is oerdei aktyf en wurdt meast waarnommen op in tûke of kabel op 'e strún nei in proai op 'e grûn. thumb|left|Aaien. Rôlders wurdt allinnich foar in koart skoft yn pearkes of lytse kloften sjoen. It nêst wurdt boud yn gatten fan âlde beammen, leafst yn ikebeammen, espen of bûkebeammen, mar ek yn dinnebeammen. In lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien. Faak brûkt er âlde nêsten fan spjochten. De aaien wurde yn sawat 18 dagen útbret, meast troch it wyfke. Nei it útkommen fan 'e aaien duorret it likernôch 30 dagen dat se útfleane kinne.

Status thumb|260px|Pearke yn Frankryk. De wrâldpopulaasje wurdt op 100.000–500.000 fûgels rûsd, dêrfan libbet likernôch 40% yn Europa. Earder waard tocht dat de soarte yn Europa in skerpe delgong meimakke. Nije ynformaasje foar de Europeeske Reade List fan Fûgels fan 2015 wol ha dat de populaasje minder slim ôfnimt as earder oannommen, mei in ôfname fan sa'n 5-20% yn trije generaasjes (BirdLife International 2015). De fûgel hat in negative trend yn 'e Baltyske lannen en is útstoarn yn Sweden (19e iuw), Denemark (1868) en Dútslân (iere 20e iuw), mear resint ek yn dielen fan Sintraal-Europa. Bedrigingen foar de fûgel binne de yntinsivearring fan 'e lânbou en it ferdwinen fan it tradisjonele lânskip. Oant 2015 waard de fûgel troch de IUCN as kwetsber op 'e Reade list klassifisearre, sûnt wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2019) beöardiele.

Kategory:Rôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo