De Yndyske rôlder (Coracias benghalensis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e rôlderfûgels (Coraciidae). De wittenskiplike namme fan 'e fûgel waard as Corvus benghalensis yn 1758 troch Carolus Linnaeus publisearre. De soarte komt yn Aazje foar.
Ferskining thumb|left|Kop fan 'e Yndyske rôlder. De Yndyske rôlder is in fûgel fan 30 oant 34 lang, in spanwiidte fan 65 oant 74 sm en in gewicht fan 166 oant 176 gram.
De keale hûd om 'e griisbrune eagen is dof oranje, de poaten binne gielbrún en de snaffel is donkerbrún. De krún is turkwaze, syn foarholle en it kin binne rôze-bêzje mei ljochtere streekjes, wylst de kiel wynread is mei ljochtere, krêmkleurige streken. It boarst is salmkleurich en nei ûnder wurdt de búk turkwaze.
De rêch en stút binne oliifbrún. De sturt is donkerblau mei in brede turkwaze bân en oliif- oant griisblauwe middelste sturtfearren. Lykas de sturt ha ek de wjukken blauwe en turkwaze kleuren. De bûtenste fiif of seis slachpinnen binne turkwaze mei donkere punten.
Folwoeksen mantsjes en wyfkes ha in soad fan inoar en se ha gjin spesifyk bried- of winterkleed. Jonge fûgels binne doffer, ljochter en bruner mei in doffe griene krún, in feal blauwe búk en wat bêzje. De snaffel is brún mei in gieleftige basis.
Somtiden wurdt de Yndosineeske rôlder as in ûndersoarte fan 'e Yndyske rôlder behannele. Dy is donkerder mei pearsbrune ûnderkanten, in blaustreke kiel en donkere hoeken op 'e sturt ynstee fan in sturtbân.
200x200px 200x200px Yndyske rôlder Yndosineeske rôlder
Fersprieding Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
C. b. benghalensis – it easten fan Arabysk Skiereilân oant yn it noardeasten fan Yndia en Bangladesj. C. b. indicus - Linnaeus, 1766 – Midden- en Súd-Yndia, Sry Lanka.
It is benammen in stânfûgel, mar hy makket lokale bewegingen yn syn ferspriedingsgebiet dy't net sa bekend binne. Winterdeis is it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel wat grutter yn Araabje mei meldingen út Saûdy-Araabje,Katar en Koeweit. De fûgel wurdt ek wolris as swalker yn Syrje, en Turkije waarnommen. thumb|260px|Fleanende Yndyske rôlder. It leefgebiet fan 'e soarte bestiet út iepen lânbou gebieten, greiden, plantaazjes en savanne's mei hjir en dêr beammen. Hy is faak oan diken op telefoanpeallen te sjen, yn parken, doarpen mei in soad grien en ek yn tunen fan bûtenwiken.
Status De grutte fan 'e populaasje is net bekend. Oannommen wurdt dat de grutte fan 'e populaasje fan 'e fûgel tebekrint. Omreden dêrfan stiet de soarte as gefoelich (Near Threatened, 2025) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Rôlder Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten