Forbes' wilster of de forbeswilster (Thinornis forbesi; synonym: Charadrius forbesi) is in fûgel yn it skaai strânwilsters (Thinornis) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De fûgel libbet yn it westen fan Afrika en is it meast besibbe oan 'e trijebânwilster, dy't de Forbes' wilster ferfangt yn eastlik en súdlik Afrika en Madagaskar.

Ferskining In folwoeksen fûgel yn briedkleed hat brune boppedielen en is wyt fan ûnder, útsein de twa swarte boarstbannen mei dêrtusken in wite bân. De kop hat in opfallende tekening mei in swarte kroan, in brune foarholle, in griis gesicht en in wite wynbraustreek, dy't fan boppe de eagen oant yn 'e nekke trochrint. De eachring is read en by de basis is de snaffel ek read mei in swarte punt. Mantsjes en wyfkes binne yn it fearrekleed itselde. Net-briedende fûgels krijge donkerbrune boarstbannen en de wynbraustreek is dan ljochtbrún fan kleur.

Juvenilen ha in soad fan 'e net-briedende folwoeksen fûgels, mar binne doffer.

De Forbes' wilster is wat grutter en donkerder as de trijebânwilster. De trijebânwilster hat boppedat in wite foarholle en in wite streek oer de wjukken. Fersprieding De soarte komt in soad foar yn West-Afrika, fan Guinee oant súdwestlik Súd-Sûdan en súdlik troch de Demokratyske Republyk Kongo en westlik Uganda lokaal oant Sintraal-Angoala en noardlik Sambia. Nei it westen ta is de fûgel oant Senegal en Gambia seldsum. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

It habitat bestiet benammen út iggen fan ynlânske rivieren, dobben en marren. Nei it brieden yn 'e wiete tiid lûkt de fûgel yn 'e drûge tiid nei iepen gerslân, lykas fleanfjilden en golfbanen. Ek wurdt er by puollen of plakken dêr't wetter opslein wurdt sjoen.

Hâlden en dragen It nêst bestiet út in ûndjip kûltsje mei lytse kiezelstientsjes yn op rotseftich, heger gebiet. Forbes' wilsters wurde meast allinnich sjoen, mar kinne lytse kloften foarmje. Se ite kevers, imerkes en oare ynsekten en harren larven, mar ek lytse weakdieren, skaaldieren en wjirms.

Status It is net bekend hoe't de soarte him ûntwikkelet, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt op 6.700 oant 33.300 folwoeksen fûgels rûsd.

Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan William Alexander Forbes (1855–1883), in Britske soölooch en samler fan eksimplaren út tropysk Afrika.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânwilster Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia