Tjeerd Wiebrens Kooistra (Dokkum, 4 oktober 1883 - dêre, 31 jannewaris 1961) wie in Frysk keatser.

Kooistra helle 253 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1905 wist er mei Jan Wiebrens Kooistra en Gerrit Terpstra fan Marsum de PC te winnen Tjeerd Wiebrens waard ta kening utroppen. Dernei wûn er noch ris fjouwer kear de PC, yn 1911 foar it lêst, doe mei Sytze Abeles Kooistra en Rein Zaagemans beide fan Wytmarsum. Yn 1910 wûn hy foar Ljouwert de Bûnspartij foar Senioaren. De fjurrige keatser stie bekend om syn geweldich rappe opslach. Fan syn likernôch santich medaljes is gjin inkelde bewarre bleaun, want of hy joech se oan oaren of hy ferlear se gewoanwei.

Tjeerd Wiebrens Kooistra ferstoar op 31 jannewaris 1961 yn de âldens fan 77 jier.

Prizen 1904 - PC 4e priis 1905 - PC 1e priis 1906 - PC 1e priis 1907 - PC 1e priis 1908 - de Bond 2e priis 1910 - de Bond 1e priis 1909 - de Bond 2e priis 1910 - PC 1e priis 1911 - PC 1e priis 1912 - de Bond 6e priis 1918 - de Bond 5e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1883 Kategory:Persoan stoarn yn 1961