De gielpoatmiuw (Larus michahellis) of de Middellânske Seemiuw is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Skaaimerken In folwoeksen gielpoatmiuw hat in soad fan 'e sulvermiuw, mar ynstee fan rôze giele poaten. Dêrnjonken hat de gielpoatmiuw lykas de lytse sjouwerman in reade eachring, dy't by de sulvermiuw donkergiel is. De rêch fan 'e gielpoatmiuw is tsjusterder as dy fan 'e sulvermiuw, mar ljochter as dy fan 'e lytse sjouwerman.

De juvenyl fan 'e soarte is dreech te ûnderskieden fan 'e sulvermiuw, mar oer it generaal is de gielpoatmiuw krekt wat ljochter fan kleur.

Fersprieding De Middellânske See is it sintrale briedgebiet fan 'e soarte. Yn Noard-Afrika komt de soarte foar yn Marokko, Algerije en Tuneezje. De fûgel is ek waarnommen yn Lybje en Egypte. Lytsere oantallen briede yn Israel en Syrje en gruttere oantallen op Syprus en yn Turkijke. Der binne koloanjes fan 'e gielpoatmiuw lâns de hiele Europeeske kust fan 'e Middellânske See en ek oan 'e westlike Swarte See. De fûgel komt ek op 'e Kanaryske Eilannen, Madeira en de Azoaren foar. De lêste tiid hat de fûgel syn ferspriedingsgebiet nei it noarden útwreide en hy briedt no ek yn lytse oantallen yn Sintraal-Jeropa. Yn 1995 waard it earste briedgefal yn Grut-Brittanje rapportearre.

De mearderheid fan 'e soarte is stânfûgel, wylst oaren migrearje nei West-Europa of fierder nei it suden en sels sa fier as Senegal, Gambia en de Reade See.

Nederlân Wis is dat der foar it earst yn Nederlân yn 2011 in pearke gielpoatmiuwen bret hat. Om't de soarte tusken grutte miuwekoloanjes dreech te ûnderskieden is, is der net in soad bekend hoefolle pearkes yn Nederlân briede. Wol is dúdlik dat de fûgel noch seldsum is. De measte briedgefallen binne yn it Deltagebiet en op 'e Maasflakte. As wintergast komt de fûgel yn wat gruttere getallen foar.

Undersoarten thumb|260px|Gielpoatmiuw op Gran Canaria. Der wurde yn 'e regel twa oant trije ûndersoarten ûnderskieden mei de folgjende fersprieding:

Larus michahellis atlantis – briedt op 'e Azoaren. Der is lykwols gjin ienriedigens oer de fersprieding fan dit takson. Guon autoriteiten behannelje allinich de populaasje op 'e Azoaren as atlantis, wylst oaren ek it takson lusitanius opnimme. Larus michahellis lusitanius – briedt lâns de Atlantyske kust fan it Ibearysk Skiereilân, op Madeira, de Kanaryske Eilannen en oan 'e Atlantyske kust fan Marokko. Larus michahellis michahellis – de nominaatfoarm briedt om 'e Middellânske See hinne op it Ibearysk Skiereilân, yn Frankryk, Nederlân, Roemeenje, Switserlân, Eastenryk en Hongarije.

De populaasje dy't hjir as lusitanius beskreaun wurdt is wat lytser, hat in plattere foarholle, in smellere snaffel, koartere poaten en in skrillere rop as de oare twa ûndersoarten. It wurdt ek beskreaun as ien mei tsjusterder boppewjukken en rêgen yn ferlikening mei de nominaatfoarm. Der wurdt ek tocht dat de populaasje yn noardlik Spanje kategorisearre wurde kin as de ûndersoarte cantabricans.

Hâlden en dragen De fûgel briedt benammen op rotskusten of rotsige en eilannen, mar ek gebieten mei hege fegetaasje by lagunes, riviermûningen of dunen wurde brûkt. Regionaal briedt de soarte ek op dakken yn kustdoarpen, stêden en havengebieten.

Bûten it briedseizoen wurdt de soarte yn kustgebieten sjoen, dêr't er foerazjearet op 'e iepen see, yn fiskershavens of op strannen. Hy wurdt ek op lânbougrûn, by wetterrinnen, grutte rivieren sjoen. De fûgel oerwinteret ek op jiskebulten.

Wat it iten oanbelanget is de fûgel lykas oare soarten in omnivoar en opportunist. Hy stelt ek iten fan oare fûgels. thumb|left|Aai fan 'e gielpoatmiuw. Gielpoatmiuwen briede meast yn koloanjes. Tusken maart en begjin maaie wurde trije aaien lein, mea yn in nêst fan fegetaasje op 'e grûn op in richel. De aaien wurde yn 27 oant 31 dagen útbret en de jongen fleane nei 35 oant 40 dagen út.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Tocht wurdt dat de populaasje groeit. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). De Jeropeeske populaasje wurdt op 409.000 oant 534.000 pearkes rûsd.

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen