Harmen van der Bij (Sibrandahûs, 22 septimber 1920 – Ljouwert, 16 septimber 2000) wie in ûnderwizer, tekener, keunstskilder en amateur-histoarikus fan de regio Noardeast-Fryslân.
Libben en wurk Harmen van der Bij – yn 'e folksmûle bekend as "Master van der Bij" – waard berne op 22 septimber 1920 yn Sibrandahûs. Hy wie de jongste soan fan Lieuwe Geerts van der Bij en Aukje Foekes Bos, ienfâldige boeren op 'e klaai lâns de Dokkumer Ie. Syn âldere bruorren kamen op de pleats, en Van der Bij "moast leare" en gie fan MULO (Heger Fuortset Underwiis) nei de learare-oplieding. Hy krige ferkearing mei Ytje Wijga, dy't oan 'e oare kant fan 'e Ie wenne. As er har besocht, moast er de brêge benoarden Sibrandahûs oerstekke. De brêgewachter wie in goede tekener en moedige Van der Bij oan om it ek te besykjen. Op 'e kweekskoalle wijde er him oan 'e lessen en die er in soad ûnderfining op mei ienfâldige materialen lykas potlead en inketpinne. Hy kopiearre in soad, en wat er dêr benammen learde wie observearjen.
Nei de oarloch stie er earst fjouwer jier oan de legere skoalle yn Rinsumageast. Yn 'e simmer fan 1949 begûn er te sollisitearjen nei in oare baan en hie al gau súkses. Hy waard beneamd oan de Kristlike Skoalle yn Twizel ûnder de betingst dat er ek foarsitter waard fan 'e J.V. (jongereinferiening). Nij troud, festige it pear him oan 'e Rykswei. As ûnderwizer makke er in protte yndruk op 'e bern mei boeiende ferhalen oer skiednis en biology. Foar syn tiid wie er tige kreatyf yn it oerdragen fan kennis; hy naam de learlingen faak mei yn 'e natuer dêr't er har daliks oer it gea, de floara en fauna learde. Van der Bij wie in briljante boerdtekener. Hy yllustrearre ek ûntelbere poëzyalbums, Bibels, lieteboeken, jierdei- en jubileumkaarten.
Doe't de rykswei yn Twizel omlaat waard en ferskate huzen ôfbrutsen wurde moasten, waard er troch ien fan 'e bewenners frege om in tekening te meitsjen fan 'e âlde smidse. Dat stuit beskôge Van der Bij as it begjin fan syn tekenkarriêre. Tsientallen mear folgen nei dy iene print. Tekenjen en skilderjen waarden in manier foar him om syn oare passys, regionale skiednis en natuer fêst te lizzen. Alde huzen, tsjerken, pleatsen en it plattelân yn 'e bredere omkriten fan Twizel en syn berteplak waarden op papier fêstlein en bewarre foar it neiteam. Yn 'e rin fan 'e jierren emigrearren in protte fan syn wurken nei Kanada, de Feriene Steaten en Nij-Seelân, dêr't se koestere wurde as in stikje Heitelân.
Van der Bij ferstoar op 16 septimber 2000, hast 80 jier âld. Earder publisearre op de webside fan de stichting Keunstkrite. Argivearre op 7 augustus 2020. Rieplachte op 27 maart 2021.
Wurk Hoewol't Van der Bij it meast bekend is om syn kalinders mei doarpsgesichten (dy't hast alle jierren ferskynden), monumintale gebouwen en tsjerken (1979-2000), liet er ek in mânske hoemannichte wurk nei dat selden yn it iepenbier te sjen west hat. Tal fan oaljeferveskilderijen, wetterferven, frije tekeningen en yllustraasjes binne yn partikulier besit.
De lytsere wurken fan Van der Bij omfetsje in grutte kolleksje yllustraasjes foar berneboeken, boekjes mei mearkes, leginden en ferhalen, en boeken oer regionale skiednis. Hy krige sa no en dan opdrachten foar reklameprojekten, en hy makke ek ûntwerpen foar in keunstwurk op grutte skaal dat smeid waard troch de doarpssmid Detmar (deselde dy't him frege om de smidderij te tekenjen) en sûnt dy tiid yn 'e Herfoarme Tsjerke yn Twizel hinget.
De gemeente joech him opdracht om trouaktes te kalligrafearjen; hy krige goed 2 gûne it boekje. In protte freonen en kunde waarden alle jierren ferrast mei selsmakke krystkaarten, elk mei in unike ôfbylding. Elts kaartsje en poëzijalbum is in lyts keunstwurk op himsels. Van der Bij brûkte benammen potlead en wetterferve. De begeliedende teksten binne faak stichtlik en from, en reflektearje de geast fan 'e man en syn ynspiraasje.
Van der Bij syn detaillearre tekenstyl makket sels de rekonstruksje fan boukundige eleminten mooglik. Sadwaande jout syn wurk sels ynformaasje foar restaurearders. Hy waar net graach in keunstner, teminsten net yn in positive sin. Hy joech der de foarkar oan, as it nedich wie, omskreaun te wurden as in ambachtsman.
Publikaasjes Skriuwer De christelijke school Twijzel 1905-1980 (1981) In minskelibben lang oan it wetter (oer de bewenners fan Mûntsetille) (1988)pdf ons mooie friesland (1979) Pingo’s, puollen en planten (tegearre mei H. Veenstra) (1975) Sic transit gloria mundi (oer Twizel en Bûtenpost) (1990) Skoander Besit: de monuminten yn Achtkarspelen (tegearre mei Meint Bottema]]) (1976) Yllustraasjes Alde pake op de praatstoel fan Gerben Oegema (1981,2000) de heremiet - Binne Veltman (1978) Opa’s jonge joaren - Nies Sap-Akkerman (1977) Rare kostgangers in Achtkarspelen - W.T. Fleer (1981, 2e printinge) Schetsen van een dorp - Gerben Oegema (1981) Tussen Sennaer en Lauwers (1972) - S. Hogendorp en H. Veenstra Bydrage Annema van Dantumawoude (1997) Bilingual Education in Friesland edited by Koen Zondag (1982) De Ham - in doarp op 'e sânen - Jan Dotinga (1985) Drogeham - Droegeham 1900-2000 (2015) Gereformeerde Kerk Twijzel 1892-1992 (1992) It is mei sizzen net te dwaan 1905-2006 In ieu kristlik ûnderwiis yn Twizel Jistrum 750 jier (1981) Niet een Brug te ver! Herdenking bevrijding 1945-1995 N.B.S Achtkarspelen Veldgids landschapselementen Noardlike Fryske Wâlden - Jan J. de Boer (2003)
Keppeling om utens Berteplak fan Harmen van der Bij
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk tekener Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Twizel Kategory:Persoan berne yn Sibrandahûs Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2000