De grutte sjouwerman (Larus marinus) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae)
Skaaimerken De grutte sjouwerman is de grutste miuw en 74 sm lang mei in spanwiidte fan likernôch oardel meter. Folwoeksen fûgels ha in swarte mantel. De snaffel is giel mei in read plak en de poaten binne fleiskleurich. Hy hat in reade orbitale ring en giele irissen. Jonge fûgels binne brúnbûnt en krije yn 'e tredde maitiid harren donkere mantel.
Fersprieding De soarte komt yn in grut gebiet oan 'e kusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de Noardsee foar. De meast wichtige briedplakken fan 'e grutte sjouwerman lizze oan 'e kusten fan Spitsbergen, Nova Sembla, Skandinaavje, Baltikum, de eastlike kust fan Grut-Brittanje, Yslân, súdlik Grienlân en oan 'e eastlike kust fan Kanada en de Feriene Steaten.
Foar in part bestiet de populaasje út trekfûgels, benammen de fûgels dy't briede yn Arktyske gebieten, mar ek de populaasje dy't briedt oan 'e kusten fan 'e noardlike Eastsee. Oaren fûgels binne stânfûgels of migrearje mar koarte ôfstannen.
Nederlân Yn Nederlân komt de soarte foaral foar as wintergast. Sûnt de jierren 1990 is de fûgel yn ús lân yn it ramt fan in útwreiding fan it súdlike Europeeske ferspriedingsgebiet in briedfûgel yn lytse oantallen. It giet om 118-120 (2024) pearkes, dy't foar it grutste part yn 'e rivieredelta en op 'e Waadeilannen briede. As wintergast is de fûgel oan 'e hiele kust te sjen.
Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. It nêst is op 'e grûn en bestiet út planten, gers en fearren. De likernôch trije aaien binne donkerbûnt en wurde yn 23 oant 26 dagen útbret.
De grutte sjouwerman is in opportunistyske fûgel wat iten oanbelanget en kin omskreaun wurde as omnivoar. Hy fret benammen fisk, mar kin syn dieet oanpasse oan 'e omstannichheden. Hy foerazjearret ek op jiskebulten, stelt it fretten fan oare seefûgels en hâldt him ek op by briedtkoloanjes fan oare seefûgels, dêr't er aaien en piken stelt. Ek is de grutte sjouwerman yn steat om ferswakke seefûgels te fersûpen, lykas alkfûgels, lytse seefûgels en mokfûgels.
Status De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje. Alhoewol't de ûntwikkeling fan 'e soarte net dúdlik is, klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Last Concern, 2018) op 'e Reade list. Fan guon populaasjes nimme de oantallen ta, wylst op oare plakken de oantallen ôfnimme.
De Jeropeeske populaasje wurdt op 118.000–133.000 pearkes rûsd, dat op 236.000–266.000 folwoeksen fûgels delkomt. De noardwestlike Atlantyske populaasje wurdt rûsd op 690.000–940.000 folwoeksenen, wêrtroch't in wrâldpopulaasje wurdt op 500.000–999.999 fûgels rûsd. De sifers binne fan 2012.
Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee