De lytse miuw (Hydrocoloeus minutus) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae).
Skaaimerken thumb|left|Folwoeksen fûgel yn simmerdracht. Lytse miuwen wurde 25–27 sm lang en ha in spanwiidte fan 75–80 sm. Se weage 68 oant 133 gram. De lytse miuw is ien fan 'e lytste miuwen. Simmerdeis hat de fûgel in folslein swarte kop. De rêch is ljochtgriis en de nekke, mantel, stút en sturt en de ûnderkant binne wyt. Karakteristyk binne de donkere ûnderwjukken en de ljochtgrize boppewjukken. Winterdeis wurdt de kop wyt útsein op 'e kroan en in plak by it each. De snaffel is tin en readbrun en de poaten binne donkerread.
thumb|left|Juvenyl. Jonge fûgels hawwe in swartbrúnbûnte boppekant mei in dúdlike swarte W-markearing op 'e boppewjukken (of V-markearing op 'e boppewjuk). Ek hat er in swart earplak, in griisswarte kroan, in grize nekke en in griisswarte markearing op 'e mantel. Hy hat in swarte sturtbân. Syn bealchje en ûnderkant fan 'e wjuk binne foar it meast wyt. Syn snaffel is swart en hy hat ljochtrôze poatsjes.
De lytse miuw liket frijwat op 'e kob en de swartkopmiuw, mar is in stik lytser.
Taksonomy Earder waard de lytse miuw yn it skaai Larus klassifisearre, mar nei ûndersyk fan it mitochondriaal DNA koe oantoand wurde dat de fûgel minder besibbe is oan dat skaai. De lytse miuw is dêrom yn it monotypyske skaai Hydrocoloeus set. Pons et al. (2005) stelde út om de lytse miuw mei de rôze miuw yn ien skaai te setten. Nettsjinsteande de lytse miuw in tige grutte fersprieding hat, is der gjin ferdieling yn ûndersoarten.
Fersprieding De lytse miuw hat in tige grut ferspriedingsgebiet, dat yn ferskillende isolearre gebieten om it Holarktysk gebiet hinne leit, mar benammen yn it Palearktysk gebiet. De soarte briedt yn Noardeast-Jeropa en op fersprate plakken yn Sintraal-Europa, dielen fan Sibearje, Kazachstan, Mongoalje en tige lokaal ek op 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. It is in trekfûgel dy't winterdeis oan 'e kust of op 'e pelagyske sône trochbringt, mar de oerwinteringsgebieten binne min bekend. Yn jannewaris 1990 waarden 52.000 lytse miuwen waarnommen yn 'e Egyptyske Nyldelta, it heechste oantal lytse miuwen dat ea waarnommen is. Se oerwinterje om 'e kusten fan 'e Middellânske See, de Atlantyske kust en in pear om 'e kusten fan Grut-Brittanje en Noard-Afrika hinne. De Noardamerikaanske populaasje oerwinteret oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten.
Nederlân De fûgel briedt út en troch yn Nederlân en de briedgefallen dy't bekend binne lizze om 'e Iselmar. As wintergast en fral as trekfûgel komt de soarte yn gruttere getallen yn ús lân foar en dan benammen oan 'e kust en Fryske Waadkust. Om 't de soarte in tige seldsume briedfûgel yn Nederlân is, stiet er as earnstich bedrige op 'e Nederlânske Reade list.Sovon, oproppen 31 oktober 2025.
Status Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte tanimme. De Europeeske populaasje wurdt rûsd op 23.700 oant 45.200 pearkes, itjinge oerienkomt mei 47.400 oant 90.500 folwoeksen fûgels (BirdLife International 2015). In rûzing yn 2006 gyng út fan in wrâldpopulaasje fan 97.000 oant 270.000 fûgels. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.
Kategory:Lytse miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See