De winterkob (rissa tridactyla) is in fûgelsoarte yn it skaai winterkobben (Rissa) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken In folwoeksen fûgel is tusken de 37 en 42 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 93 oant 105 sintimeter. De soarte is unyk yn 'e famylje fan seefûgels om 't syn eftertean mar in lyts knobbeltsje foarmet. Dat jildt lykwols allinich foar de nominaatûndersoarte R. t. tridactyla en net foar de ûndersoarte R. t. pollicaris dy't, lykas de wittenskiplike namme al seit (pollux = tomme), in normaal ûntwikkele eftertean hat. thumb|left|Folwoeksen fûgels yn it winterkleed. De folwoeksen fûgel is te ferlikenjen mei de ûnwaarsfûgel mei in wite kop, nekke, ûnderkant, bopperomp en sturt. De boppewjukken binne yn twa kleuren griis en de wjukpunten binne folslein swart. De snaffel is gielgrien. Winterdeis is it fearrekleed fan 'e folwoeksen fûgels hast itselde as de simmerdracht, útsein dat se yn 'e nekke in grize bân ha en by it ear in donkere bân yn 'e foarm fan in heale moanne.
By jonge fûgels binne de ferskillen grutter. Yn it earste winterkleed ha se swartgrize snaffels. Op 'e boppewjukken ha se boppedat in swarte tekening yn 'e foarm fan in "W". Ek ha se in dúdlike swarte bân yn 'e nekke. Nei twa jier krije de fûgels in folwoeksen kleed.
Fersprieding Dizze soarte briedt yn Yslân, de Fêreu-eilannen, Bretanje, Normandje, Noarwegen, noardlik Ruslân, noardlik Sibearje, noardwestlik Amearika en Grienlân op steile rotskusten en op berchrichels, yn Noarwegen ek op útstekkende dielen fan gebouwen tichteby de see. Hy oerwinteret fan 'e Atlantyske Oseaan oant de Kaapverdyske eilannen, op 'e Noardsee en ek út en troch op 'e Eastsee en de Middellânske See.
Twa ûndersoarten wurde ûnderskieden:
Rissa tridactyla tridactyla: fan noardlik en eastlik Kanada en noardlik Europa oant noardlik Ruslân. Rissa tridactyla pollicaris: fan eastlik Sibearje oant westlik Alaska.
Nederlân Oan 'e Nederlânske kust binne winterkobben it hiele jier troch te sjen, mar fral winterdeis as der tsientûzenen fûgels yn ús kontreien oerwinterje. Op it Nederlânsk Kontinintaal Plat fan 'e Noardsee komt de fûgel ek as briedfûgel foar, wêrby't it giet om minstens hûnderten briedpearkes.Sovon, oproppen 31 oktober 2025.
Hâlden en dragen De winterkob wurdt yn it fyfte jier geslachtsryp en foarmet pearkes dy't meastentiids harren hiele libben byinoar bliuwe. It briedseizoen rint fan maaie oant july en de soarte briedt yn koloanjes op steile kliffen, mar soms binne der ek koloanjes op 'e grûn op eilannen. De jongen dy't berne wurde yn in koloanje op in klif binne feiliger foar natuerlike fijannen as dyjingen dy't op 'e grûn grutbrocht wurde. thumb|left|Nêsten fan winterkobben. It wyfke leit ien oant trije brune aaien mei donkere plakjes fan likernôch seis sintimeter grut yn in nêst dat it pear tegearre bout fan grûn, modder en plantedielen. It materiaal wurdt dêrnei ta in dridzige massa fertrape, dêr't de fûgel yn rôlet om in nêstkom te foarmjen. Sa wurdt der in râne om it nêst makke en as de modder útdrûget, wurdt it nêst tige hurd. Beide âlden soargje foar de jongen, dy't nei fiif oant acht wiken útfleane kinne. Trochstrings libje noch 24 fan de 100 jongen as se geslachtsryp wurde. De meast foarkommende iere deadsoarsaken binne stoarmen, dy't kinne de fûgels útputte, en brek oan iten of ferwûnings troch bygelyks oaljelekkaazjes.
It iten bestiet út lytse fiskjes, hjerrings, kreeften, garnalen, wjirms en ies. Simmerdeis fangt er ek ynsekten. Hy folget fiskersboaten en yt by gelegenheid ek fiskôfeart.
Status De populaasjegrutte waard yn 2016 op 15 miljoen fûgels rûsd, mar de oantallen nimme rap ôf en de soarte wurdt dêrom as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN neamd. De bedrigingen foar de soarte binne klimaatferoaring wêrtroch der minder proaien binne. Dêrnjonken binne it oerfiskjen, de oaljefersmoarging en de wynmûneparken op see in bedriging.
Kategory:Winterkob Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee