Andrew Albert Christian Edward Mountbatten-Windsor The Gardian (Londen, 19 febrewaris 1960) is it tredde bern en de twadde soan út it houlik fan de Britske keninginne Elizabeth II en prins Philip, de hartoch fan Edinburgh.

Fan 1979 ôf wie Andrew yn tsjinst fan de Britske keninklike marine dy't er yn 2001 ferliet mei de rang fan vice-admiraal. Fan 1986 oant 1996 wie Andrew troud mei Sarah Ferguson en krige mei har twa dochters.

Yn jannewaris 2022 waarden syn militêre titels en beskermhearskippen troch him ynlevere, nei oanlieding fan in doe sivile proseduere tsjin him fanwegen de fertinking fan seksueel misbrûk fan in minderjierrige. Ein oktober 2025 makke it Britske keningshûs bekend dat ek syn keninklike titels him ûntnaam binne. RTL.nl, 30-10-2025, Prins Andrew raakt officieel zijn titels, privileges en woning kwijt rieplachte 31-10-2025 nos.nl, 31-10-2025, Ex-prins Andrew is zijn status nu kwijt, maar wordt hij ook vervolgd? rieplachte 31-10-2025

Stambeam Broer:Charles IIIKening fan it Feriene Keninkryk(1948-) Heit: Philip,hartoch fan Edinburgh(1921-2021) Pake:Andreäs,prins fan Grikelân(1882-1944) Oerpake:George I,kening fan Grikelân(1863-1913) Oerbeppe:Olga,keninginne fan Grikelân(1867-1913) Suster:Anne,Princess Royal(1950-) Beppe:Alice,prinsesse fan Battenberg(1885-1969) Oerpake:Loadewyk,prins fan Battenberg(1854-1921) Oerbeppe:Fiktoaria,prinsesse fan Hessen-Darmstadt(1863-1950) Andrew,Mountbatten Windsor(1960-) Mem:Elizabeth II,keninginne fan it Feriene Keninkryk(1926-2022)Pake:George VI,kening fan it Feriene Keninkryk(1895-1952) Oerpake:George V,Kkening fan it Feriene Keninkryk(1865-1936) Oerbeppe:Fiktoaria Marije,keninginne fan it Feriene Keninkryk,prinsesse fan Teck(1867-1953) Broer:Edward,hartoch fan Edinburgh(1964-) Beppe:Elizabeth Bowes-Lyon,keninginne fan it Feriene Keninkryk(1900-2002) Oerpake:Claude Bowes-Lyon,greve fan Strathmore en Kinghorne(1855-1944) Oerbeppe:Cecilia Bowes-Lyon,grevinne fan Strathmore en Kinghorne(1862-1938)

Kategory:Persoan berne yn 1960 Kategory:Ingelske adel