Winterkobben (Rissa) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje seefûgels (Laridae). It skaai telt mar twa soarten.

De fûgels út it skaai ûnderskiede harren dúdlik fan oare miuwen troch in pear morfologyske en ekologyske eigenskippen. In unike eigenskip is dat de eftertean by de soarten fan it skaai ûntbrekt. Dêrfandinne ek de soartenamme tridactyle fan 'e typesoarte, itjinge mei trije teannen betsjut.

It binne kompakte miuwen dy't yn tichte koloanjes op kliffen boppe see briede. Se binne mear op see as oare miuwen en komme mar selden op lân en dan allinnich yn 'e briedtiid.

De typesoarte is de winterkob. De ûnderkant is wyt en it boppeliif is ljochtgriis. De wjukpunten binne folslein swart. De gewoane winterkob hat swarte poarten, de oare soarte yn it skaai, de readpoatwinterkob hat sa't de namme al oanjout reade poaten. Beide soarten ha in griengiele snaffel.

Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status / Trend120px Rissa tridactyla winterkob noardlik en eastlik Kanada, noardlik Europa, noardlik Ruslân, eastlik Sibearje, westlik Alaska. kwetsber25pxRissa tridactyla op BirdLife120px Rissa brevirostris readpoatkob Oseanyske eilannen yn 'e Beringsee kwetsber25pxRissa brevirostris op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel