De pearelstirns (Gygis alba) is in fûgel út de famylje seefûgels (Laridae).

Beskriuwing thumb|left|Fûgel op Ascension. De pearelstirns is 23 oant 30 sm lang mei in spanwiidte fan 76 oant 87 sm. Se binne suver wyt, útsein dat de Gygis alba candida in donkere streek lâns de wjukbocht fan 'e bûtenste primêre fearren hat. It swarte each hat in smelle ring fan swarte fearkes om it each. De snaffel is lang en swart oant blauswart. De sturt is ûndjip foarke. De poaten binne donkergriis oant bleker griis by de ûndersoarten Gygis alba leucopes en Gygis alba microrhyncha. It jong is wyt spikkele mei griis of griisbrún.

Pearelstirnzen wurde likernôch 17 jier âld.

Fersprieding De fûgel komt foar op 'e eilannen yn 'e Stille Oseaan, de Yndyske Oseaan en guon Atlantyske eilannen en wurdt meast yn fjouwer ûndersoarten yndield:

Gygis alba alba (Atlantyske pearelstirns): de eilannen fan 'e tropyske Súd-Atlantyske Oseaan. Gygis alba candida (gewoane pearelstirns): fan 'e Seysjellen en de Maskarenen oant de sintrale Stille Oseaan. Gygis alba leucopes: fan 'e Pitcairneilannen. Gygis alba microrhyncha (lytse pearelstirns): Phoenixeilannen, Line-eilannen en de Markesaseilannen.

De Gygis alba microrhyncha waard earder as ûndersoarte sjoen, mar guon auteurs behannelje se as in aparte soarte, sûnt 2025 ek troch Avilist, eBird en The Clements Checklist of Birds of the World.

Ien stúdzje giet fierder en suggerearje dat der trije soarten Gygis binne, mei de Atlantyske pearelstirns (Gygis alba) yn 'e Atlantyske Oseaan, de gewoane pearelstirns (Gygis candida, ûndersoarten G.c. candida en G.c. leucopes) yn 'e Yndyske en westlike oant sintraal Stille Oseaan en de lytse pearelstirns (Gygis microrhyncha) yn 'e súdeast-sintraal Stille Oseaan. Dizze trijedielige yndieling wurdt no folge troch de grutte wrâldlisten. Dy stúdzje suggerearret ek dat de Gygis candida stadichoan syn ferspriedingsgebiet nei it súdeasten útwreidet en yn 'e takomst liede kin ta it útstjerren fan 'e Gygis microrhyncha troch ferfanging.

Hâlden en dragen thumb|left|Pyk. Pearelstirnzen jeie op lytse fiskjes by it lemieren of krekt nei it ûndergean fan 'e sinne troch te dûken yn it wetter. As de proai foar himsels is slokt er it fiskje fuort troch en oars nimt er de proai oerdwers yn 'e snaffel mei om it oan in jonge fûgel te fuorjen.

De fûgel briedt op koraaleilannen, meastal op beammen mei lytse tûken, mar ek op rotsige richels en op keunstmjittige struktueren. De fûgel leit ien aai fuort op 'e tûke, hy boud gjin nêst fan tûkjes of gers en is dêryn unyk foar seefûgels.

Status Dizze soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least concern, 2018).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pearelstirns Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Hawaï Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kiribaty Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niûé Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Pitcairneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tokelau Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga Kategory:Lânseigen fauna yn Tûvalû Kategory:Lânseigen fauna yn Wallis en Fûtûna Kategory:Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Ascension Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Clipperton