thumb|Betinkingsmonumint by Kamp Diever A yn Oude Willem De kampen Diever A en B yn de Oude Willem, tichteby Diever, waarden yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw oprjochte, yn de ekonomyske krisis, yn it ramt fan de wurkferskaffing. Fan 10 jannewaris 1942 oant 2 oktober 1942 wiene de twa wurkkampen yn gebrûk as twangarbeiderkamp foar Joadske Nederlanners, dy't letter nei Kamp Westerbork deportearre waarden.

Skiednis Oarpronklik gebrûk Diever A waard iepene yn 1934. It kamp Diever A bestie út houten wenbarakken om in gersfjild hinne boud, de wenning fan de kok-behearder, de keuken, it wasklokaal en in kantine. Diever B waard yn 1937 njonken Diever A boud en wie kwa opset identyk. Beide kampen oan de strjitte tusken Diever en Wateren, doe de Woaterse wei hjitten, no Bosweg, beaën ûnderdak oan sa'n 100 manlju dy't oan it wurk set waarden yn de boskbou en ûntginning fan de Drintske heide.

De kampen hiene earst in 'fjirtjindageregeling'; ienris yn de fjirtjin dagen mochten de wurkleazen yn it wykein nei hûs. Yn ’e simmer fan 1939 waard dat, nei fûle protesten en in staking, wizige; tenei mochten de wurkleazen alle wykeinen nei hûs.

Joadsk wurkkamp alt=Circulaire aan alle mannelijke joden te Amsterdam, m.b.t. verplichte tewerkstelling in Nederland|thumb|Sirkulêre Aan alle mannelijke joden te Amsterdam, oangeande it ferplicht oan it wurk setten yn Nederlân Yn desimber 1942 besleat de Dútske besetter Amsterdamske Joadske manlju nei de Drintske rykswurkkampen yn Diever, Geesbrug, Gijsselte, Kremboong, Mantinge, Orvelte, Stuifzand en Fledder te stjoeren. Dêrta waarden 1402 Amsterdamske manlju oproppen foar tewurkstelling yn de wurkkampen. Dat it úteinlike doel wie om dizze manlju letter troch te stjoeren nei Westerbork, waard se net ferteld. Op 10 jannewaris 1942 om 9:45 setten 905 manlju fan perron fiif fan it Sintraal stasjon yn Amsterdam ôf mei in trein nei Drinte. Fanwegen de 'lege opkomst' fierde de Dútske besetter de druk dêre fuortendaliks op.

De Joadske twangarbeiders dy't yn de winter fan 1942 yn Diever B oankamen, hiene swier te lijen ûnder de kjeld. Earst hiene se gjin oare taak as it begeanber hâlden fan de tagongsdyk nei it kamp. Wetter moast mei amers út de iennichste noch wurkjende kraan yn de koken helle wurde. Om't de wetterlieding yn it waskplak lange tiid ôfsletten wie, drige in part fan de manlju te fersmoargjen. Nei in besite fan de kamparts waard der in dûssel boud troch de timmerman fan it deunby lizzende Zorgvlied. Fan'e maitiid ôf wurken de jonge mannen op'e heide, de âldere manlju moasten túnkje.

Yn elts kamp sieten maksimaal 94 manlju tusken 18 en 65 jier. Om de minsken kalm te halden, die de besetter foarkommen, dat de kampen echt wurkkampen wiene. De manlju moasten ûnder lieding fan de Rijksdienst voor de Werkverruiming heidegrond omhakje of diken oanlizze, krekt as foar de oarloch. It wurk waard kontrolearre troch de Nederlandsche Heidemaatschappij, en ek yn it kamp sels hiene Nederlanners de lieding.

Begjin 1942 hiene de kampbewenners noch aardich wat frijheid. Se organisearren bûnte jûnen en mochten yn it doarp omrinne. Yn de rin fan dat jier waard it rezjym lykwols stranger en krigen se minder te iten. In part fan de manlju waard op 20 july 1942 nei kamp Westerbork stjoerd. Har plak waard ynnaam troch in groep âldere manlju fan fjirtich oant sechstich jier, dy't net earder oproppen wiene.

Yn de nacht fan freed 2 oktober 1942, op Grutte Fersoendei, waard de rykswurkkampen Diever A en Diever B troch de Dútske besetter en syn Nederlânske hantlangers ûntromme. De Joadske manlju waarden twongen om sa'n fiifentweintich kilometer te rinnen nei trochgongskamp Westerbork. Op itselde stuit waarden harren froulju en bern thús oppakt en ek nei Westerbork brocht.

Letter gebrûk Nei't de joadske arbeiders fuortfierd wiene, wie it kamp yn gebrûk by de Nederlandse Arbeidsdienst (N.A.D.). De kampen tsjinnen ûnder oare as Rijks Evacuatie Kamp foar minsken - benammen froulju en bern - dy't út De Haach en Scheveningen evakuearre waarden, fanwegen de oanlis fan kustferdigeningwurken troch de Dútske besetter.

Nei de oarloch hawwe de kampen noch skofke tsjinst dien as opfangkampen foar evakuees en foar it ynternearjen fan NSB'ers. Ek wurknimmers fan Organisation Todt waarden dêr in skoft húsfeste.

Ein 1945 waarden gebouwen fan de rykswurkkampen Diever A en Diever B troch de Ryksgebouwetsjinst oerbrocht nei Montfort yn Limburch, dêr't se yn de rin fan de jierren brûkt waarden as wurkkamp fan de D.U.W. (Dienst Uitvoering Werken) yn it ramt fan de weropbou fan de Roerstreek, as fakânsjekamp foar bern dy't yn de oarloch lichaamlik troffen wiene, as dûaneskoalle en 1951 om Ambonezen ûnderdak te jaan. De oerbliuwsels fan de kampen Diever A en B rekken yn it ferfal en binne yn de jierren 1950 sloopt. No is der op it plak fan de kampen Diever A en B in kampearterrein.

Kategory:Wurkferskaffingskamp Kategory:Nazy-konsintraasjekamp yn Nederlân Kategory:Skiednis fan Drinte Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1934 Kategory:Organisaasje opheft yn 1945