thumb|In flechthaven tusken Lelystêd en Ameare thumb|De MSC Flaminia foar Wangereach, dy't ûnderweis wie om nei de haven fan Wilhelmshaven sleept te wurden op 9 septimber 2012 In flechthaven, needhaven of útwykhaven (Ingelsk: port of refuge) is in haven dêr't skippen yn need oanlizze kinne. In soksoarte needhaven kin ek in binnenwetter, in foar de kust leine beskutte ankerplak wêze. Dêrom wurdt der yn 'e jeropeeske Uny en de ynternasjonale skipfeartorganisaasje IMO sprutsen fan taflechtsoarde (place of refuge).Inken von Gadow-Stephani: Der Zugang zu Nothäfen und sonstigen Notliegeplätzen für Schiffe in Seenot. Springer 2006, ISBN 978-3-540-30518-7, side 62. Der wurdt sprutsen fan need op see wannear't de kaptein, nei syn bêste oardiel, tinkt dat der in net oer te kommen en twingende needsitewaasje bestiet dy't in gefaar wêze kin foar it skip, de lading of de minsken oan board.Inken von Gadow-Stephani: Der Zugang zu Nothäfen und sonstigen Notliegeplätzen für Schiffe in Seenot. side 236.
Doel Baarnende of skippen dy't hommels mei lekkaazje te krijen hawwe moatte sa fluch mooglik nei in feilich lisplak brocht wurde om dêr rêdingsmaatregels útfiere te kinnen. Dêr moat ek it gefaar foar it miljeu troch fermindere wurde.
Juridyske eftergrûn Ferskate lannen hawwe yn bilaterale ferdraggen saneamde needklausulen opnommen, dêr't help fan wjerskanten by needsitewaasjes op see, fêstrinnen oan 'e grûn en skipbrek yn garandearre wurde. De steaten kinne lykwols ûnder ferwizing nei it gefaar foar it miljeu de tagong ta harren wetter en needhavens wegerje.
De Ynternasjonale Maritime Organisaasje allyk de Jeropeeske Uny haawe rjochtlinen en foarskriften opsteld foar de trochfeart fan skansearre en yn need bedarre skippen. Dy jilde oant no ta allinnich foar needsitewaasjes yn kustwetter. Dat wie lykwols net it gefal foar bygelyks de MSC Flaminia, dy't yn 2012 yn 'e Atlantyske Oseaan ferûngelokke en nei Jeropeesk wetter sleept waard.Rettender Hafen Wilhelmshaven yn Der Tagesspiegel, 11 septimber, 2012
Jeropeesk konsept foar needhavens Nei't de MSC Flamiia en MT Stolt Valor yn 2012 gjin needhavens oandwaan mochten omreden noed foar miljeuskea, hat de JU tegearre mei it Jeropeesk Agintskip foar Maritime Feiligens (EMSA) oant 2016 nije operasjonele rjochtlinen opsteld (EU Operational Guidelines on Places of Refuge).Places of Refuge: An overview. Safety4Sea, 21 juny 2018, oproppen op 5 septimber 2019.Places of Refuge – EU Operational Guidelines, safety4sea, febrewaris 2018, oproppen op 7 septimber 2019.
Needhavens yn Fryslân In needhaven yn Fryslân is de lytse haven fan Breesân.
Keppelings om utens Places of Refuge, Jeropeeske Kommisje „Places of refuge“ – addressing the problem of providing places of refuge to vessels in distress, UN International Maritime Organization (IMO)
Kategory:Haven Kategory:Skipsnavigaasje