De gint (wittenskiplike namme: Morus bassanus) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus). Dit bist, dat ek by Friezen mooglik better bekend is ûnder de Nederlânsktalige namme jan-van-gent, komt foar boppe it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan en de râneseeën dêrfan yn in ferspriedingsgebiet dat rikt fan Teksas en de Bahama's oant Grienlân en Spitsbergen oant de Kanaryske Eilannen en Lybje. It is de grutste libbene gintfûgel. De gint fret fisk en briedt yn reuseftige koloanjes op dreech berikbere plakken oan 'e kust en op eilantsjes dêrfoar. De IUCN klassifisearret de gint as net bedrige.
Etymology De namme "gint" hat neat út te stean mei de stêd Gint yn Flaanderen, mar komt fan it Proto-Westgemaanske wurd *ganut, fan it Proto-Germaanske wurd *ganzô, mei de betsjutting "mantsjegoes". Dat is deselde woartel dêr't ek it wurd "goes" fan komt.
Taksonomy Nettsjinsteande syn fierhinne maritime libbenswize is de gint al iuwenlang in bekende fûgelsoarte by ornitologen. De Switserske natoerûndersiker Conrad Gessner joech it bist yn 'e sechstjinde iuw al de Latynske namme Anser bassanus (anser betsjut "goes"). Dy namme waard oernommen troch de Ingelske natoerûndersiker Francis Willughby, dy't it bist yn 'e santjinde iuw beskreau. De gint koe hy fan 'e briedkoloanje op Bass Rock yn 'e Firth fan Forth en fan in eksimplaar dat as dwaalgast by Coleshill yn Warwickshire bedarre wie.
Yn 1758 wie de gint ien fan in grut tal bisten dat foar it earst formeel wittenskiplik beskreaun waard troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e baanbrekkende tsiende edysje fan dy syn Systema Naturæ. Linnaeus, dy't mear oerienkomsten seach mei de pilekanen as mei de guozzen, parte de gint de wittenskiplike namme Pelicanus bassanus ta. De Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson ferpleatste de fûgel yn 1760 nei it skaai Sula, dat no reservearre is foar de tropenginten, mar dêr't doedestiden alle gintfûgels yn gearbrocht waarden. It wie de soölooch Louis Pierre Vieillot, ek út Frankryk, dy't de gint yn 1816 werklassifisearre yn it nije skaai fan 'e ginten (Morus).
De Frânsk-Italjaanske ornitolooch prins Karel Lusiaan Bonaparte beskreau de populaasjes fan 'e gint yn Noard-Amearika yn 1838 as in aparte soarte, dy't er de wittenskiplike namme Sula americana taparte. De ûnderbouwing foar dy opspjalting fan 'e Jeropeeske soarte is lykwols ûndúdlik, en Sula americana wurdt dêrom tsjintwurdich algemien beskôge as in jonger synonym fan Morus bassanus.
Fersprieding Algemiene fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e gint wreidet him út oer in grut part fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en beslacht ek râneseeën dêrfan. Oan 'e Jeropeeske kant giet it dêrby om 'e Barentssee, de Wite See, de Strjitte fan Denemark, de Noarske See, de Noardsee, it Skagerrak, it Kattegat, de Eastsee mei de Finske Golf en de Botnyske Golf, de Skotske See, de Ierske See, de Keltyske See, It Kanaal mei it Nau fan Calais, de Golf fan Biskaje en it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See fan 'e Strjitte fan Gibraltar oant it súdwestlike part fan 'e Ioanyske See ta. Oan 'e Noardamerikaanske kant fan 'e Atlantyske Oseaan giet it om 'e Labradorsee, de Saint Lawrencebaai en it noardlike diel fan 'e Golf fan Meksiko mei de Strjitte fan Floarida.
De gint komt alsa yn Jeropa foar by de kusten lâns fan Iislân, Jan Mayen, de Fêreu-eilannen, Noarwegen, Denemark, Sweden, Finlân, Ruslân, Estlân, Letlân, Litouwen, Poalen, Dútslân, Nederlân, Belgje, Skotlân, Ingelân, Wales, Noard-Ierlân, Ierlân, Man, Jersey, Guernsey, Frankryk, Spanje, Portegal, westlik Itaalje en Malta. Yn it súdeasten rikt it fia de kusten fan Marokko, Algerije en Tuneezje oan Tripolitaanje yn Lybje ta, en yn it súdwesten komt it ta oan 'e Westlike Sahara, Mauretaanje en de Kanaryske Eilannen. Mei't de gint foar de jacht op fisk ôfhinklik is fan iepen see dy't winterdeis net tichtfriest, hat dizze fûgel baat by de opwaarming fan 'e Ierde. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw hat er syn ferspriedingsgebiet stadichoan fierder útwreidzje kinnen nei it noarden en noardeasten ta, sadat er no ek foarkomt oan 'e kusten fan it Russyske Kolaskiereilân en fan Spitsbergen yn it hege noarden fan 'e Arktis.
Yn Noard-Amearika komt de gint foar by de kusten lâns fan súdlik Grienlân, eastlik Kanada, de Frânske oerseeske kollektiviteit Sint-Pierre en Miquelon, de Feriene Steaten, Bermuda en de noardlike eilannen fan 'e Bahama's. De eastlike Atlantyske Oseaan en râneseeën besuden de Golf fan Biskaje, en de westlike Atlantyske Oseaan besuden de Saint Lawrencebaai binne foar folwoeksen fûgels frijwol útslutend oerwinteringsgebieten, hoewol't healwoeksen eksimplaren der ferskate jierren tahâlde kinne. As dwaalgast is de gint waarnommen op Syprus, yn Egypte en Syrje, boppe de Swarte See, yn westlik Kazachstan en, oarekant de Atlantyske Oseaan, op Kuba en Hispanjoala en yn Ceará, yn noardeastlik Brazylje. (Dat lêste gefal wie de earste waarnimming fan dizze fûgel op it súdlik healrûn.)
Grutte briedkoloanjes Dútslân: Hilgelân yn 'e Dútske Bocht (680 briedpearen yn 2016). de Fêreu-eilannen: Mykines (2.500 briedpearen yn 2014). Frankryk: Rouzic foar de kust fan Bretanje (de aldersúdlikste briedkoloanje; 11.500 briedpearen yn 1995). Guernsey: Ortac en Les Etacs foar de kust fan Alderney (7.500 briedpearen yn 2009). Iislân: Eldey foar de kust fan it Reykjanesskagi-skiereilân (16.300 briedpearen yn 2008); lytsere briedkoloanjes oan oare dielen fan 'e Iislânske kust en op it eilantsje Grimsey. Ingelân: Bempton Cliffs yn East-Yorkshire (12.500 briedpearen yn 2015); fan teminsten 1274 oant op syn letst 1909 wie der ek in koloanje op it eilân Lundy yn it Kanaal fan Bristol, mar dy is ferdwûn. Ierlân: Lyts Skellig yn County Kerry (30.000 briedpearen yn 2010); folle lytsere koloanjes op Bull Rock yn County Cork, Clare yn County Mayo en Grut Saltee yn County Wexford. Kanada: Bonaventure foar de kust fan Kebek yn 'e Saint Lawrencebaai (30.000 briedpearen yn 2009); lytsere briedkoloanjes op Rochers aux Oiseaux en Anticosti yn Kebek, en it Ekologysk Reservaat Cape St. Mary's, it Ekologysk Reservaat Baccalieu Island en Funk Island foar de kust fan Nijfûnlân. Noarwegen: Runde yn Møre og Romsdal, Syltefjord boppe de Noardpoalsirkel en de lege eilannen fan 'e Lofoten en Vesterålen (mei-inoar 6.900 briedpearen yn 2016); Ruslân: Charlov oan 'e kust fan it Kolaskiereilân (koloanje stifte yn 1995, nei alle gedachten tanksij de opwaarming fan 'e Ierde; 250 briedpearen yn 2016). Skotlan: St Kilda yn 'e Bûtenste Hebriden (60.300 briedpearen yn 2013); Bass Rock yn 'e Firth fan Forth (al yn 1493 foar it earst dokumintearre as briedkoloanje; 75.000 briedpearen yn 2014); Ailsa Craig yn 'e Firth fan Clyde (33.250 briedpearen yn 2014); Hermaness yn 'e Sjetlâneilannen (25.600 briedpearen yn 2013); Noss yn 'e Sjetlâneilannen (11.800 briedpearen yn 2013); Sula Sgeir yn 'e Bûtenste Hebriden (11.200 briedpearen yn 2013); Troup Head yn Aberdeenshire (yn 1988 begûn; krapoan 6.500 briedpearen yn 2014); de Flannaneilannen (5.300 briedpearen yn 2013); Sule Stack yn 'e Orkney-eilannen (4.600 briedpearen yn 2013); Fair Isle healwei de Orkney- en de Sjetlâneilannen (3.600 briedpearen yn 2013); Sule Skerry bewesten de Orkney-eilannen (1.900 briedpearen yn 2013, omheech gien fan mar 57 yn 2003). Spitsbergen: Beare-eilân, it súdlikste eilân fan 'e arsjipel (koloanje stifte yn 2011, nei alle gedachten tanksij de opwaarming fan 'e Ierde; 52 briedpearen yn 2016) Wales: Grassholm foar de kust fan Pembrokeshire (36.000 briedpearen yn 2015). Yn Itaalje brocht in inkeld briedpear yn trije jierren efterinoar (2013, 2014 en 2015) in pyk grut yn in nêst op in ôfmarre boat yn Porto Venere oan 'e Ligueryske See.
Uterlike skaaimerken De gint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 87–100 sm, mei in spanwiidte fan 170–180 sm en in gewicht fan 2,3–3,6 kg. It is dêrmei de grutste fan alle gintfûgels en in grutte seefûgel yn 'e algemiene sin, mei't er net ta de eigentlik famylje fan 'e seefûgels (Laridae) heart. It is feitliks de grutste seefûgel út it hiele Paleärktysk gebiet (dat noardlik Jeraazje en Noard-Afrika omfettet).
De poaten hawwe fjouwer teannen, dy't ferbûn wurde troch in dûnkergriis oant brún swimflues. De ljochtblauwe oant blau-grize eagen wurde omjûn troch in râne fan keale, swarte hûd. By eksimplaren dy't de fûgelgryp oerlibbe hawwe, kleurje de eagen om noch ûnferklearre redens swart. De snaffel is lang, sterk en kegelfoarmich mei oan 'e punt in lichte bûging omleech. De binnenrânen fan 'e snaffel binne skerp en licht kartele. By folwoeksen eksimplaren hat de snaffel in út 'en blauwens skinende grize kleur, wylst de rânen dûnkergriis oant swart binne. Oer it gesicht rint om 'e snaffel hinne in swarte râne dy't by de eagen gearkomt mei de eachrâne.
It fearrekleed it foar it grutste part wyt, mei twa útsûnderings: de úteinen fan 'e wjukken binne swart en de kop en nekke binne bêzje oant gielich. Dy lêste kleur wurdt yn 'e briedtiid folle dúdliker en ferdizenet neitiid wer. By mantsjes is de bêzje kleur sterker oanwêzich as by wyfkes. Ek rinne der kleure linen by de teannen lâns en by de skonken op, dy't ornaris grienich giel binne by mantsjes en blauwich by wyfkes, mar fierders bestiet yn dizze soarte gjin seksuele dimorfy. Juvenilen hawwe gjin wyt fearrekleed, mar binne brún; elts jier wurde se wat witer oant oant se úteinlik mei 4–5 jier geslachtsryp binne
Evolúsjonêre adaptaasjes foar dûken binne by de gint: in ekstreem streamline lichem, krêftige halsspieren, in spûnzige bonkeplaat oan 'e basis fan 'e snaffel, noasters dy't oan 'e binnenkant fan 'e snaffel sitte, sadat der by it dûken gjin wetter troch nei binnen kringe kin, en eagen dy't beskerme wurde troch trêde eachlidden. Ek binne de fearren wetterôfstjittend trochdat de fûgels der in waaksige stof oer útwriuwe dy't ôfkomstich is út in stútklier. It fearrekleed is sadwaande wetterticht, wat de fûgels it fermogen jout om langere skoften ûnder wetter te bliuwen.
Biotoop Oars as de besibbe mokeftigen (Procellariiformes) binne ginten net echt fûgels fan 'e pelagyske sône, mei't se foar it meastepart yn in stripe ûnder de kust bliuwe dy't in pear hûndert kilometer breed is. Nettsjinsteande dat kinne se har poerbêst rêde op wat dochs as iepen see beskôge wurde moat. De briedkoloanjes binne yn haadsaak fêstige op rotsige, dreech berikbere eilantsjes, dêr't potinsjele natuerlike fijannen der net of hast net by kinne.
Hâlden en dragen Lûd De gint is in fûgel dy't faak en lûd fokalisearret, benammen yn it fermidden fan in briedkoloanje. De meast foarkommende rop is in skel arra-arra of urra-urra, dy't it faakst utere wurdt by it lânjen yn 'e koloanje en om oare ginten fuort te jeien dy't te ticht by it nêst komme. Deselde rop komt yn ferkoarte foarm as rah-rah foar by it fiskjen of it gearfandeljen fan nêstmateriaal, en yn ferlinge foarm as ûûû-ah by it opstiigjen en fuortfleanen. Beide geslachten meitsje deselde lûden. Neffens J. Bryan Nelson, in ornitolooch ferbûn oan 'e Universiteit fan Oxford, kenne ginten net inkeld de yndividuele rop fan har partner en pyk werom, mar ek dy fan 'e "buorlju", de ginten dy't oangrinzgjende nêsten besette. Sokke buorlju wurde mei in beskate duldsumens behannele, mar ynkringers fan bûten it eigen fermidden roppe folle mear agresje op.
Fleanen