De túfstirns of toefstirns (Thalasseus bergii, ek wol Sterna bergii) is in fûgel yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus) út de famylje seefûgels (Laridae) .

Skaaimerken thumb|left|Túfstirns mei jong. De soarte is sawat 46 oant 49 sm lang, hat in in spanwiidte fan likernôch 125 oant 130 sm en weaget 325 oant 397 gram. De foarholle en de ûnderkant binne wyt, de rêch is griis. Winterdeis is de rêch bleker. De swarte túf is dan foar in part wyt en it efterste diel minder effen swart. De snaffel is grienich giel en de poaten binne swart. Beide skaaien fan folwoeksen fûgels binne yn uterlik itselde.

Fersprieding De túfstirn komt foar yn 'e tropyske en subtropyske dielen fan 'e Alde Wrâld en briedt fan Súd-Afrika oan 'e Yndyske Oseaan oant nei it eastsen de sintrale Stille Oseaan en Austraalje. Nei it briedseizoen ferspriede se har oer in grut gebiet.

Der binne fjouwer ûndersoarten bekend:

Thalasseus bergii bergii (ynklusyf enigma ) – briedt oan 'e kust fan súdlik Afrika (Namybje oant Mozambyk). Thalasseus bergii thalassinus - briedt yn Tanzania, de Seysjellen, op Aldabra, Rodrigues en noardlik Madagaskar; ferspriedt him nei it noarden nei Somaalje en nei it suden nei súdlik Madagaskar. Thalasseus bergii velox – briedt fan 'e Reade See en noardwestlik Somaalje oant de Maldiven, Myanmar en Sry Lanka. Thalasseus bergii cristatus (ynklusyf gwendolenae ) – briedt fan 'e Ryukyu-eilannen oant súdeastlik Sina oant de Filipinen, Grutte Sûnda-eilannen, Wallacea, Nij-Guineä, Austraalje en de tropyske Stille Oseaan oant súdeastlik Polyneezje.

De soarte waard oarspronklik beskreaun as Sterna bergii troch de Dútske natuerkundige Martin Lichtenstein yn 1823. Resultaten fan mitochondriale DNA-stúdzjes (Bridge, 2005) jouwe oan dat de trije typyske koppatroanen fan stirnzen (gjin swarte kroan, swarte kroan en swarte kroan mei wite foarholle) oerienkomme mei trije ferskillende klades. Op basis dêrfan waard foarsteld om de túfstirns te ferhûzjen nei it skaai Thalasseus, dat al yn 1822 beskreaun wie troch Heinrich Boie, mar ferlitten waard oant de resultaten fan Bridge's (2005) stúdzjes de needsaak foar in apart skaai útstelden.

Hâlden en dragen thumb|left|Fûgels op 'e Tubbataha-riffen. De soarte hat syn nêst yn tichte koloanjes oan 'e kust en op eilannen. De fûgels sykje ek ûngewoane nêstplakken lykas dakken of keunstmjittige eilannen yn sâltpannen en rioelwettersuveringsynstallaasjes.Lykas oare soarten yn it skaai Thalasseus siket de túfstirns faak op see nei fisk troch te dûken. As ûnderdiel fan 'e hôfmakkerij biedt it mantsje it wyfke gauris in fiskje oan. Túfstirnzen folgje faak fiskersboaten om te profitearjen fan 'e weismiten byfangst.

Status Der binne gjin wrâldwide bedrigingen foar de fûgel bekend en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018), mar lokaal ha minsklike aktiviteiten lykas de fiskerij, jacht en it rispjen fan aaien ta in ôfname fan 'e oantallen laat.

Namme De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart Karl Heinrich Bergius (1790–1818), in Prusyske apteker, botanikus en natuerkundige, dy't fan 1816 oant 1818 oan de Kaap fûgels sammele foar it Berlynske Museum.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan