Fort Koarnwertersân, Fêsting Koarnwertersân of Stelling Koarnwertersân wie in ferdigeningsliny op 'e Ofslútdyk by Koarnwertersân yn Fryslân yn 'e snuorje fan 'e Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940.

Oanlieding Op 14 juny 1918 waard it plan fan de Minister fan Wettersteat Cornelis Lely en slút Sudersee ôf oannommen.Atlas van Historische Vestingwerken in Nederland - Groningen, Friesland en Drenthe. Stifting Menno van Coehoorn, Utjouwerij Matrijs, ISBN 978 90 5345 465 7, siden 255-258 Mei it bouwen fan 'e Ofslútdyk waarden lykwols de Festing Hollân en de marinebasis yn De Helder makliker foar in bûtenlânske oanfal oer lân út it easten wei. Fierders moast tefoarren kommen wurde dat de ynfaller de Lorentz- en Stevinslûzen yn hannen krije soe. Dy slûzekompleksen spilen in wichtige rol by it ynundearjen fan 'e Nije Hollânske Wetterliny. Troch dy iepen te meitsjen soe it wetterpeil fan 'e Iselmar sakje en de ynundearre gebieten wer drûch troch komme te stean. Om in oanfal hohâlde te kinnen, waarden trije defensive wurken oanlein: de Wûnsliny fuortendaliks eastlik fan 'e Ofslútdyk, in fort op 'e Ofslútdyk by Koarnwertersân en ta einbeslút in fort by de slûzen fan Den Oever.

De kazematten Nei't de Lorentzslûzen yn 1932 yn gebrûk nommen waarden, waard de fort yn 1932-1933 boud. Ynstee fan ien grut ferdigeningswurk en dêr kwetsber troch, waard keazen foar mear sprate opstellings fan ferskate lytsere ferdigeningswurken. De kazematten waarden fan wapene beton makke en oanfolle mei pantserstiel op 'e meast gefoelige plakken. De kazematten moasten yntensyf besjitten fan geskut warje kinne en opsteld wurde op ferskate plakken by de Fryske kust del. De kazematten moasten in yntinsive besjitting fan geskut opsteld op ferskate plakken lâns de Fryske kust ferneare kinne.

Oarspronklik soene der sechstjin kazematten komme. Der wiene njoggen kazematten foar masinegewearen, twa foar kanonnen, twa foar loftôfwar, in kazemat mei in kommandopost, in kazemat mei sykljocht en trije lytsee aggregaat-kazematten. Yn 1934 waard der in 17e kazemat (sykljocht en aggregaat) afoege. De boppekant fan de kazematten hie likernôch in tsjokte fan trije meter. De fort bestie út twa kazematlinys. De 1e liny lei eastlik fan de silen en de 2e liny dêr westlik fan. Foar in better skoatsfjild waarden der huzen yn Koarnwertersân fuortbrutsen. Ut 'e 2e liny wei koe ek it westen ûnder fjoer nomme wurde, soe it wêze dat fijanlike troepen op 'e Ofslútdyk lânje koene dy't it fort fan benefteren oanfalle soene. Fort Koarnwertersân

I Masinegewearkazemat II Kanonkazemat III Aggregaatkazemat IV Kommandokazemat V Masinegewearkazemat VI Kanonkazemat VII Sykljochtkazemat VIII Masinegewearkazemat IX Masinegewearkazemat X Masinegewearkazemat XI Masinegewearkazemat XII Masinegewearkazemat XIII Masinegewearkazemat XIV Loftdoelremize XV Loftdoelremize XVI Masinegewearkazemat XVII Aggregaatkazemat300px|Kaart fan it Fort Koarnwertersân

Tsjin loftoanfallen wiene der remizes dêr't loftôfwarmasinegewearen opsteld waarden. De masinegewearen ûntbrieken lykwols op it stuit fan de Dútske ynfal. Op 12 maaie 1940 siet dêr tusken de weromlûkende Nederlânske troepen in ienheid loftôfwarartillery mei 2 sm-kanonnen en masinegewearen. Dy ienheid waard bij oankommen op it fort opsteld.

Oanfal yn maaie 1940

De kommandant fan it Fort Koarnwertersân wie kaptein Christiaan Boers. Hy stie ûnder kommando fan de Stelling De Helder. It detasjemint bestie út 7 ofsieren, 25 ûnderofsieren en 193 manlju. Op 12 en 13 maaie wiene der loftoanfallen fan Dútske jagers (Messerschmitt Bf 109). Help wie der fan de kanonnearboat Johan Maurits van Nassau. De draaibrêge yn 'e Ofslútdyk waard opblaasd. Op 12 maaie waard de Wûnsliny ynnommen troch de Dútsers. Yn 'e Slach om de Ofslútdyk koe Fort Koarnwertersân de fijân tsjinhâlde.

Tinktekens Yn Koarnwertersân binne fjouwer krichsmonuminten: Monumint foar kaptein Boers en luitenant Ham (1 maaie 1946). Monumint foar de slachtoffers yn en om de Wûnsliny. Monumint foar dyjingen dy't omkamen oan board fan kanonnearboat Johan Maurits van Nassau. Tinkstien foar kaptein Boers op it fiadukt fan Koarnwertersân (28 maaie 2005).

Ofbyldings kazematten

Sjoch ek Kazemattemuseum

Kategory:Koarnwertersân Kategory:Bouwurk yn Wûnseradiel Kategory:Bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Skiednis fan Súdwest-Fryslân Kategory:Fryslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Ofslútdyk Kategory:Festingwurk yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 1933