Ant-Man and the Wasp is in Amerikaanske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan Peyton Reed, mei yn 'e haadrollen Paul Rudd, Evangeline Lilly en Michael Douglas. De titel betsjut letterlik "Eamelder-Man en de Meeps", in ferwizing nei de superhelden Scot Lang alias Ant-Man en Hope van Dyne alias The Wasp. De film is basearre op 'e strips fan útjouwerij Marvel Comics oer dat superheldepear, en is in ferfolch op Ant-Man út 2015. Ant-Man and the Wasp makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Avengers: Infinity War út 2018, wylst er sels foarôf giet oan Captain Marvel út 2019.

It ferhaal folget de troch omstannichheden faninoar ferfrjemde rekke minners Scott Lang en Hope van Dyne en Hope har sikkeneurige mar briljante heit dr. Hank Pym, wannear't se gearwurkje moatte om Hope har mem Janet te rêden, dy't al tritich jier fêstsit yn it Kwantumryk. Dêrby wurde se oan ien wei tsjinwurke troch de FBI, de op jild beluste krimineel Sonny Burch, en in mysterieus figuer dat troch fêste foarwerpen hinne rinne en rikke kin en "de Geast" neamd wurdt. Fan 'e filmkritisy krige Ant-Man and the Wasp oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In ferfolch, mei as titel Ant-Man and the Wasp: Quantumania, kaam yn 2023 yn 'e bioskopen.

Plot Nei't Scott Lang (alias Ant-Man) de Wenenakkoarten brutsen hat mei syn help oan Captain America yn dy syn striid tsjin Iron Man yn Dútslân (sjoch: Captain America: Civil War), ferdwynt er in skoft yn it tichthûs en as er frijkomt, wurdt er noch foar in beskate perioade ûnder hûsarrest pleatst. Hy hat gjin kontakt mear mei syn grutte leafde Hope van Dyne, noch mei har heit, de sikkeneurige mar briljante wittenskipper Hank Pym, mei't er harren yn 'e swierrichheden brocht hat troch yn Dútslân harren technology te brûken. Twa jier nei dato binne Hope en Pym noch altyd op 'e flecht foar de FBI. Trije dagen foar't Lang syn hûsarrest ôfrint, slagget it Hope en Pym om op in geheime lokaasje yn harren laboratoarium koart in tagong ta it Kwantumryk te iepenjen. Se tinke nammentlik dat Janet van Dyne, de oarehelte fan Pym en de mem fan Hope, dêre noch altyd fêstsit nei't se harsels tritich jier earder, yn 1987, ta sub-atomêre grutte krompen hie om in kearnramp foar te kommen. Op it stuit dat de tagong iepengiet, hat Lang in tige libbensechte dream wêryn't er Janet van Dyne is. Hy nimt neitiid kontakt op mei Pym, dy't ornearret dat Lang syn bewustwêzen by syn eardere besyk oan it Kwantumryk (sjoch: Ant-Man) 'kwantumbetize' rekke is mei Janet harres.

Hope en Pym ûntfiere Lang en litte in fergrutte eamelder yn syn plak efter mei syn ankelbân om, sadat spesjaal agint Jimmy Woo fan 'e FBI, dy't it tafersjoch oer Lang hat, gjin ûnrie rûke sil. Om't se leauwe dat de dream dy't Lang hie in boadskip fan Janet is, en dêrmei bewiis dat sy noch libbet, sette se útein mei it ûntwerpen fan in stabile tagong ta it Kwantumryk om har te rêden. Dêrfoar hawwe se ferlet fan in apparaatûnderdiel dêr't se inkeld fia de swarte merk oan komme kinne fia de krimineel Sonny Burch. Dyselde beseft lykwols hoefolle jild oft er fertsjinje kin mei de ferkeap fan 'e technology út it laboratoarium fan Hank Pym. Dat wannear't er in moeting hat mei Hope, besiket er har te bestellen. Mar yn har persona fan The Wasp weeft Hope handich mei Burch en syn trewanten ôf. De swierrichheden boazje oan as Hope oanfallen wurdt troch in maskere persoan dy't út faze mei de fysike wurklikheid is, sadat hy/sy troch foarwerpen hinne rinne en rikke kin. Lang besiket Hope te helpen om dy "Geast" oermânsk te wurden, mar harren tsjinstanner ûntsnapt mei it krúsjale apparaatûnderdiel èn it laboratoarium fan Pym, dat er krompen hie ta de grutte fan in reiskoffer.

Mei tsjinnichheid siket Pym help by syn fan him ferfrjemde âlde ûndersykspartner Bill Foster, dy't him, Hope en Lang op in idee bringt wêrmei't se it stellen laboratoarium opspoare kinne. Se fine dat werom yn 'e wente fan 'e Geast, dy't in jonge frou blykt te wêzen dy't Ava Starr hjit. Dan komt lykwols oan it ljocht dat it in falstrik is, mei't Foster en Ava gearwurkje en Lang, Hope en Pym finzen nimme. Ava har heit Elihas Starr wie in oare eardere meiwurker fan Pym, dy't troch him ûntslein waard en dêrnei op eigen manneboet mei syn eksperiminten trochgie. Dat pakte alhiel ferkeard út doe't ien eksperiment einige mei him en syn frou Catherine dea en harren dochterke oanhelle mei molekulêre ynstabiliteit, wat har út faze mei de fysike wurklikheid brocht en oanhâldende pine joech. Foster en Ava fertelle dat Ava noch mar in pear wiken te libjen hat en inkeld genêzen wurde kin mei de kwantumenerzjy dy't Janet van Dyne yn harsels opnommen hat yn har jierren yn it Kwantumryk. Se binne dêrom fan doel en sûch dy enerzjy út har. Mei't er derfan oertsûge is dat soks de dea fan Janet betsjutte soe, wegeret Pym mei te wurkjen oan dat plan. Ynstee ropt er de help yn fan in stikmannich eamelders dy't opblaasd binne ta de grutte fan hûnen, wat him, Hope en Lang by steat stelt om te ûntkommen mei it laboratoarium en it missende ûnderdiel.

Op in geheim plak blaze se it laboaratoariumgebou wer op ta syn wiere grutte, wêrnei't se in stabilere tagong nei it Kwantumryk iepenje. Sa slagget it harren om fia Lang op 'e nij kontakt te lizzen mei Janet, dy't harren kalibrearrings bysteld om 'e tagong folslein stabyl te meitsjen. Dêrnei jout se har eigen sekuere lokaasje troch, mar heakket dêr in warskôging oan ta dat se mar twa oeren hawwe om har te rêden foar't de ynherinte ynstabiliteit fan it Kwantumryk soks foar mear as in iuw ûnmooglik meitsje sil. Underwilens sit Lang syn maat Luis, mei wa't er in needlijend befeiligingsbedriuw runt, yn oer in presintaasje foar in wichtige kliïnt, dy't foar moarn op it programma stiet. Om it spul mei him trochnimme te kinnen, en om't er sels net út it laboratoarium wei kin, bringt Lang oan Luis de lokaasje fan it laboratoarium út. Luis en syn wurknimmers Dave en Kurt wurde fuort dêrnei oermastere troch Sonny Burch en syn trewanten, dy't Luis folpompe mei wierheidssearum, sadat er harren fertelt wêr't it laboratoarium is. Burch beslút dat it makliker is om 'e FBI it swiere wurk dwaan te litten en neitiid it laboratoarium efteroer drukke te litten troch de korrupte spesjaal agint Stoltz, dat hy skillet Woo op mei in anonime tip.

Luis warskôget Lang oer wat der bard is, wêrnei't Lang halje-trawalje nei hûs moat om foar te kommen dat Woo bewize kin dat hy syn hûsarrest ferbrutsen hat. It slagget Lang, mei help fan syn jonge dochterke Cassie, om Woo te fluch ôf te wêzen. Mar Hope en Pym wurde arrestearre troch de FBI, en harren yn beslach nommen kofferlaboratoarium wurdt troch Stoltz by de rest fan it yn beslach nommen bewiismateriaal wei helle om oan Burch te jaan. Ear't er dat lykwols dwaan kin, komt de Ava him oer it mad en pykt út mei it laboratoarium. Lang, dy't de skrik no flink te pakken hat, wifelet oft er syn hûsarrest wol op 'e nij doar te ferbrekken, mar dêrta oanfitere troch Cassie docht er it dochs. Hy brekt Hope en Pym út it pleatslike FBI-kantoar en trijeresom spoare se it laboratoarium op (dat Pym, nei de lêste kear dat it stellen waard, foarsjoen hat fan in tracker). Wylst Lang en Hope tegearre Ava ôfliede, giet Pym it Kwantumryk binnen om Janet te sykjen, dy't er lang om let libben oantreft.

Yn 'e normale wrâld wurde Lang, Hope en Luis ûnderwilens tenei kommen troch Burch en syn mannen, wat liedt ta in lange en spektakulêre efterfolging troch de strjitten fan San Francisco, dêr't ek Ava har wer yn mingt. Op 't langelêst wit Burch it laboratoarium yn 'e hannen te krijen en te ûntkommen op in fearboat, mar in reuseftige Lang swimt him efternei en nimt it gebou werom. Neitiid ferliest er it lykwols wer oan Ava, dy't it gebou yn 'e haven ta wiere grutte opblaast. Se giet it laboratoarium binnen en set útein mei it opsûgen fan 'e kwantumenerzjy fan Janet, ek al besiket Foster dat om 'e nocht tsjin te kearen. Hope en Lang kringe it laboratoarium binnen en stopje Ava, wêrnei't Pym en Janet beholden weromkeare kinne út it Kwantumryk. Neitiid jout Janet frijwillich in diel fan har kwantumenerzjy oan Ava, sadat har molekulêre tastân tydlik stabilisearre wurdt. Lang keart op 'e nij krekt op 'e tiid werom nei hûs om Woo te fluch ôf te wêzen. De erchtinkende FBI-agint wit dat der wat net yn 'e heak is, mar hat gjin oare kar as om Lang syn hûsarrest formeel te beëinigjen, mei't de dêrfoar fêststelde perioade foarby is. Underwilens wurde Burch en syn mannen oppakt troch de FBI en dûke Ava en Foster tegearre ûnder. Lang en Hope ferfetsje harren romantyske relaasje ûnder oanmoediging fan Cassie.

Healwei de ôftiteling folget in sêne wêryn't Lang troch Pym, Janet en Hope nei it Kwantumryk stjoerd wurdt mei as doel om genôch kwantumenerzjy te rispjen om Ava foargoed te genêzen. Op it stuit dat se Lang weromhelje wolle, feroarje Pym, Janet en Hope ynienen yn stadich fuortdwarreljend stof (sjoch: Avengers: Infinity War), mei as gefolch dat Lang yn it Kwantumryk fêst komt te sitten.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise            Scott Lang / Ant-Man Paul Rudd Hope van Dyne / The Wasp Evangeline Lilly dr. Hank Pym Michael Douglas

byrollen personaazje akteur/aktrise Ava Starr / Geast Hannah John-Kamen Luis Michael Peña Bill Foster Laurence Fishburne Janet van Dyne Michelle Pfeiffer Sonny Burch Walter Goggins FBI-agint Jimmy Woo Randall Park Cassie Lang Abby Ryder Fortson Kurt David Dastmalchian Dave Tip "T.I." Harris Maggie Lang Paxton Judy Greer Jim Paxton Bobby Cannavale Uzman Divian Ladwa, trewant fan Burch Anitolov Goran Kostić, trewant fan Burch Knox Rob Archer, trewant fan Burch korrupte FBI-agint Stoltz Sean Kleier Elihas Starr Michael Cerveris Catherine Starr Riann Steele man waans auto by fersin ferlytse wurdt Stan Lee (cameo) whalewatching-kaptein Tim Heidecker loaie ûnderwizer Brian Huskey de jonge Hope van Dyne Madeleine McGraw de jonge Ava Starr RaeLynn Bratten

Produksje en distribúsje Produksje Ant-Man and the Wasp waard regissearre troch Peyton Reed, dy't ek de rezjy dien hie foar de earste Ant-Man-film. Hy wurke nei in senario fan Chris McKenna, Erik Sommers, Paul Rudd, Andrew Barrer en Gabriel Ferrari op basis fan 'e superheld Ant-Man fan striptekeners Stan Lee, Larry Lieber en Jack Kirby fan útjouwerij Marvel Comics. Reed fertelde yn 'e media hoe moai oft er it fûn om diskear in film oer Ant-Man fan it begjin ôf oan ûntwikkelje te kinnen. Hy stie derop om Hope van Dyne alias The Wasp op gelikense foet te behanneljen mei Scott Lang/Ant-Man. As produsinten wiene Kevin Feige en Stephen Broussard by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber fan $130 miljoen (neffens Deadline Hollywood) oant $195 miljoen (neffens The Numbers). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dante Spinotti, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck.

Opnamen De opnamen foar Ant-Man and the Wasp setten op 1 augustus 2017 útein en duorren oant en mei 19 novimber fan dat jier. Dêrby waard gebrûk makke fan 'e mei opset sin misliedende wurktitel Cherry Blue om foar te kommen dat de filmsets ûnder de foet rûn wurde soene troch entûsjaste fans. It meastepart fan 'e sênes waard filme yn it filmstudiokompleks fan 'e Pinewood Atlanta Studios (no de Trilith Studios) yn Fayetteville, in foarstêd fan Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Dêrnjonken waard in diel fan Ant-Man and the Wasp op lokaasje opnommen yn 'e binnenstêd fan Atlanta en yn 'e pleatslike Samuel M. Inman Middle School, en teffens op 'e Atlanta Motor Speedway, in motorsportsirkwy yn Hampton (Georgia). Oare lokaasjes dêr't filme waard, wiene Savannah (Georgia), San Francisco en Hawaï.

Postproduksje