Penric and the Bandit is in novelle fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske auteur Lois McMaster Bujold. De titel betsjut "Penric en de Bandyt". It wurk makket diel út fan Bujold har gruttere romansearje The World of the Five Gods, en is it trettjinde diel fan 'e sub-rige Penric and Desdemona. Diskear moetet de mei in ynderlike demon bejeftige tsjoender Penric de strûkrôver en deserteur Rozakajin. Hoewol't er eins op in kweeste is nei de ruïne fan in lang ferlitten timpel fan syn oarder, falle dieven (en de soarch foar harren sieleheil) ek binnen it domein fan 'e Bastert, de god dy't Penric tsjinnet. Hy beslút om te sjen oft er net twa miggen mei ien klap slaan kin. Penric and the Bandit waard op 30 juny 2024 publisearre as e-boek, en kaam op 31 augustus 2025 yn in hardcoveredysje út by de útjouwerij Subterranean Press, mei in omslach makke troch Lauren Saint-Onge. __TOC__ Ynhâld Wannear't Roz (koart foar Rozakajin), in strûkrôver en deserteur út it leger fan Grabyat dy't skjin syn nocht hat fan syn omdoarmjende bestean, yn in herberge yn Trigonie in wat ûnnoazel lykjende blûne jongeman gewaar wurdt mei in goed folle ponge, leit er kontakt en wit er himsels oannommen te krijen as gids. Yn 't earstoan is it syn bedoeling om 'e man, dy't himsels foarsteld hat as Pen, ûnderweis te berôvjen en dan mei de bút út te piken. Mar dêr sjocht er fanôf as er mear oer it doel fan 'e reis oan 'e weet komt. Pen is nammentlik op in kweeste om 'e ferlern waande ruïne fan in timpel fan 'e Oarder fan 'e Bastert te finen en lit trochskimerje dat er ferlet hawwe sil fan lêstdieren om 'e skatten mei werom te dragen dy't er dêr ferwachtet oan te treffen. It liket Roz dan de baas om mar wat langer ôf te wachtsjen en syn doelwyt op 'e weromreis de skatten ôfhandich te meitsjen.

Wat Roz net foar it ferstân hat, is dat Pen lang net sa nayf of sa jong is as er liket. Hy is eins Penric sibbe Jurald, de hôftsjoender fan 'e hartoch fan Orbas, dy't boppenatuerlike krêften hat wêrmei't er bejeftige is troch syn ynderlike demon fan dusoarder Desdemona. En hy en Desdemona hawwe Roz fuortendaliks al identifisearre as strûkrôver en him op subtile wize oanfitere om him by harren oan te sluten. De Bastert, de god dy't Penric tsjinnet, is de god fan alles bûten it seizoen om, en dêr falle dieverij en strûkrôvers ek ûnder. Teologysk is it dêrom Penric syn plicht om foar it sieleheil fan Roz te krewearjen, en trochdat de Bastert sels om it hoartsje yn syn libben yngrypt, kin Penric net mei wissichheid sizze dat de god Roz net mei opset sin op syn paad brocht hat. Hoewol't Desdemona him warskôget op syn tellen te passen, beslút Penric dêrom en besykje om it doel fan syn reis te ferienjen mei it helpen fan dizze sympatike strûkrôver, ek al hat dy sels noch net troch dat er ferlet fan help hat.

De jûns fan 'e earste deis dat Penric en Roz tegearre op 'en paad west hawwe, bliuwe se de nacht oer yn in herberge yn it doarp Berbak. Roz, dy't yn it hea op 'e tilingen fan 'e hynstestâlen sliept, wurdt te neare nacht oerfallen troch in stikmannich rûge keardels, dy't syn eardere maten binne út 'e binde dêr't er trije jier mei op en út west hat. It docht bliken dat Roz in pear moannen earder, yn ôfwearze oer de oanboazjende wredens fan 'e bindelieder Tabac, op in ûnbewekke stuit útpykt is mei de bút fan 'e lêste oerfal: in string mûldieren. De ûnmeilydsume Tabac lit net fan him stelle, dat hy hat mei in fiiftal oare rôvers it spoar fan 'e ferpatste mûldieren folge en is efter Roz oan kommen. No wol er Roz inkeld noch fermoardzje, mar net foar't dy him fertelt wat er mei de opbringst fan 'e ferkochte mûldieren dien hat. Roz fertelt him dat er dat jild opbrûkt hat mei it keapjen fan iten en drinken en it beteljen fan oernachtings yn herbergen. Om it fege libben derôf te rêden makket er Tabac en de oaren dielgenoat fan syn plan om Penric op 'e weromweis fan harren reis nei de timpelruïne te berôvjen. Om 'e belangstelling fan 'e rôvers te wekjen, oerdriuwt er danich hoefolle kostberheden der finen wêze sille. Tabac-en-dy bite ta en litte Roz, foar no, libje.

De oare deis fielt Roz him wol beswierd om't er syn eigen libben kocht hat mei dat fan dy freonlike ûnnoazele Pen. Boppedat makket er him gjin yllúzjes oer syn eigen foarlân. Inkeld as de timpelruïne in ûnbidige hoemannichte skatten opsmyt, makket er kâns om it der sûnder kleanskuorren ôf te rêden, en dan noch sil er sa gau mooglik meitsje moatte dat er fuortkomt. Wat Roz net wit, is dat Penric, dy't oangeande it barren op 'e hynstetilingen warskôge wie troch Desdemona, hast it hiele petear folge hat. Penric sit der net bot oer yn om't er derfan oertsjûge is dat hy (of eins de twahûndert en tritich jier âlde Desdemona) in kwintet rôvers wol oan kin. Desdemona is troch dat fertrouwen yn har sawol flaaike as yrritearre, mei't se, sa't se him yn 't sin bringt, net sa âld wurden is troch ûnnedige risiko's te nimmen.

Mei de oanwizings fan 'e âld kokkinne fan in pleatslike preester wit Penric lang om let heech yn in ôfhandige berchdelling de ruïne fan 'e timpel werom te finen. Mei de help fan in mear as willige Roz trochsiket er it âlde bouwurk. Dy earste deis fine se inkeld in lytse jildskat fan koperne en sulverne munten, mei in pear goudene der tuskentroch. Penric langet dy oer oan Roz as betelling foar syn help. De oare deis trochsykje se in grot, dy't djip yn 'e berchwand ynsnijt. Om 'e iepening te berikken, moatte se har fan boppenôf oan in tou in jellen as fyftjin by in rotswand del ôfsakje litte. Yn 'e efterste fan trije keamers fine se úteinlings wêr't Penric foar kommen is: twa grutte metalene kisten mei kostberheden. Mar as Penric de kisten iepenet, blike der, ta ôfgriis fan Roz, inkeld âlde perkaminten teksten en soartgelikense troep yn te sitten. Dan komt einlings oan it ljocht dat Penric him goed te fiter hân hat, mei't de teksten no krekt de "skatten" binne dy't er hope te finen.

Roz is poer en boppedat is er derfan oertsjûge dat Penric mei syn dwaan har beider deafûnis tekene hat. Mar Penric is net ûnder de yndruk fan it gefaar dat foarme wurdt troch Tabac en de oare strûkrôvers, dy't ûnderwilens de ruïne ek berikt hawwe en it tou ophelle hawwe dêr't Penric en Roz ferlet fan hawwe om wer by de rotswand op te klimmen. Penric draacht Roz op om syn eardere maten wiis te meitsjen dat se yndie kisten fol goud en sieraden fûn hawwe en harren te lokjen troch ien fan 'e (tichte) kisten mei paperassen sjen te litten. Dêrop klimme twa fan 'e strûkrôvers, Masir en Vran, omleech om te helpen by it sjouwurk. Mei de krêften dy't Desdemona him jout, komt Penric de beide mannen yn 'e tsjustere grot ien foar ien oer it mad en skeakelet harren sûnder swierrichheden út. Dêrnei, sa seit er tsjin Roz, hoege se inkeld mar te wachtsjen en net op 'e omleech skreaude fragen te antwurdzjen, oant har nijsgjirrigens de oare strûkrôvers oermânsk wurdt. It giet krekt sa't er foarsein hat, want op 't langelêst klimme Tabac sels en in oare strûkrôver, Garin, omleech om út te finen wat der fan Masir en Vran wurden is. Op 'e nij makket Penric koarte metten mei harren. De fyfde strûkrôver, Fig, blykt dêrnei útpykt te wêzen, dat Penric en Roz kinne sûnder tsjinwurking by de rotswand opkladderje en dêrnei de beide kisten optakelje.

Wannear't se dêrnei stilwei fan rutens spylje sille, komme se yn 'e delling ûnder de ruïne each yn each te stean mei de rest fan 'e fjirtich man sterke strûkrôversbinde, dy't der troch Tabac by roppen is nei de sterke ferhalen fan Roz oer de te ferwachtsjen skatten. Troch in uterste ynspanning fan Desdemona rint de oanfal fan 'e strûkrôvers folslein yn it hûndert. Sealrimen litte los sadat mannen fan har hynder rûgelje, bôgepizen knappe en slane mannen yn it gesicht, hynders stroffelje, earms ferlieze har krêft en gean sa mar troch. Underwilens ride Penric en Roz dwers troch slachoarder fan 'e fijân hinne. Mar troch alle tsjoenderlike ynspanning is Penric gefaarlike oerferhjitte rekke. Hy sakket wei yn bewusteleazens en Roz moat kieze oft er de bútmakke hynders en mûldieren fan Tabac-en-dy meifiert, dy't er oan in tou hat, of dat er Penric opheint ear't dy út it seal falt. Mei pine yn it hert om alle ferlerne jild kiest er foar it lêste en lit er de hiele string hynders en mûldieren los. Wannear't se in eintsje fierder binne, komt Penric langernôch by om opdracht te jaan en kuolje him ôf yn in iiskâlde berchbeek. Sa ûntkomme se beide oan sawol de dea as de strûkrôvers.

Efterfolging bliuwt foarearst út. Penric ornearret dat Desdemona mank de binde safolle gaos oanrjochte hat, dat de strûkrôvers earst noch wol even dwaande wêze sille om oarder op saken te stellen en harren ferwûnen te fersoargjen. Letter fine Penric syn hynder en it mûldier dêr't er de beide kisten mei paperassen op laden hie, harren op foar Roz wûnderbaarlike wize werom. Nei in koarte nachtrêst ride Penric en Roz de oare moarns fierder en komme dan – yn sa'n nuveraardich tafal dêr't Penric de hân fan 'e Bastert yn sjocht – in ôfdieling Trigonyske kavalery tsjin, dy't op 'e siik is nei in grutte binde strûkrôvers dy't yn dizze omkriten waarnommen is. Nei't Penric harren behelpsum de wei wiisd hat, meitsje hy en Roz skonken yn 'e rjochting fan 'e grins mei Orbas.

Roz hat syn beslút oer wat er no sil, hieltyd mar útsteld, mar as se ienris feilich oer de grins binne, ferget Penric him op in antwurd. Hy hâldt Roz foar dat dyselde yn Orbas noch gjin misdriuwen begien hat, sadat er hjirre mei in skjinne leie begjinne kin, as er dat wol. Ek al is Roz analfabeet, Penric is yn him in talint foar rekkenjen gewaarwurden. Hy slacht foar, Roz soe in nij bestean opbouwe kinne troch dêr wat mei te dwaan, bygelyks as boekhâlder of dûanier. It analfabetisme is dêrby in obstakel dat te ferhelpen is. Roz is twifelich, mar hy kiest derfoar om Penric te folgjen en út te finen hokker nije takomst der foar him mooglik is.

Kategory:Literêr wurk fan Lois McMaster Bujold Kategory:Fantasynovelle Kategory:Ingelsktalige novelle Kategory:Novelle út 2024 Kategory:Literatuer oer goaden Kategory:Literatuer oer geastlike besetting Kategory:Literatuer oer freonskip Kategory:Literatuer oer in kweeste Kategory:Literatuer oer skatsikers Kategory:Literatuer oer dieverij Kategory:Literatuer oer in dief