De Amerikaanske klikstirns (Thalasseus acuflavidus, ek wol Sterna acuflavidus) is in fûgel yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus).

Skaaimerken thumb|left|Fûgels yn winterkleed. Amerikaanske klikstirnzen ha in hiel soad fan 'e gewoane klikstirns en lykas dy fûgel ha se in swarte snaffel mei in giele punt, mar in ferskil is dat de snaffel steviger is. Amerikaanske klikstirnzen ferlieze boppedat earder harren briedkleed (in folslein swarte mûtse) en krije dus earder in wite foarholle. Juvenilen ha boppedat net it skobbige patroan fan 'e jonge gewoane klikstirns en binne effener griis, alhoewol't se betize wurde kinne mei de gewoane klikstirns yn it earste winterkleed.

Fersprieding De soarte komt yn in grut gebiet foar oan kusten fan Virginia oant Frânsk-Guyana en Argentynje. De Amerikaanske klikstirns hat twa ûndersoarten:

Thalasseus acuflavidus acuflavidus: fan eastlik Noard-Amearika oant de súdlike Kariben. Thalasseus acuflavidus eurygnathus: de eilannen by Fenezuëla en de Guyana's, noardlik en eastlik Súd-Amearika. thumb|left|De ûndersoarte eurygnathus mei de giele snaffel. De ûndersoarten fan 'e Amerikaanske klikstirns ferskille benammen yn snaffelkleur: de nominaatfûgels binne swart mei in giele punt fan wat fariabele omfang; dy fan T. a. eurygnathus is meast oant folslein giel.

Hâlden en dragen De soarte is foar in part trekfûgel. De meast noardlike populaasjes ferlitte harren briedgebiet om súdliker te oerwinterjen. Hoe't de trekrûte's rinne is net bekend, mar oannommen wurdt dat se de kust folgje. Fûgels dy't oan 'e Súdamerikaanske kust fan 'e Stille Oseaan oerwinterje stekke oer fan 'e Kariben by de lâningte an Panama. Ringde fûgels fan 'e ûndersoarte T. a. acuflavidus binne yn Nederlân en it Feriene Keninkryk oantroffen.

Status Fan 'e Amerikaanske klikstirns is gjin aparte IUCN-status om 't de fûgel troch de IUCN as ûndersoarte fan 'e gewoane klikstirns behannele wurdt. De klikstirns stiet as net bedrige op 'e Reade list. De grutste bedriging foar de soarte foarmet de fersteuring fan nêstkoloanjes troch minsken.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen