Klikstirnzen (Thalasseus) foarmje in fûgelskaai út de famylje seefûgels (Laridae).

Ofhinklik fan 'e soarte binne se 35 oant 55 sm lang. It binne slanke, elegante fûgels mei lange, smelle wjukken en in tinne, skerpe snaffel. Se ha in streamline lichemsbou mei in lange, foarke sturt. Oer it generaal binne de fûgels ljochtgriis fan boppe en wyt fan ûnder mei wite wjukrânen en swarte wjuktoppen. Yn 'e briedtiid ha se in swarte mûtse oant krekt ûnder de eagen mei yn 'e nekke in swart túfke. Winterdeis binne se op 'e foarholle witer. De snaffel is lang, rjocht en puntich en meast swart mei in giele tip of oranje en giel. Ferskil tusken mantsjes en wyfkes is der net.

De soarten libje oan see- en oseaankusten op sawat alle kontininten. It binne typyske kustfûgels, dy't jeie op fiskjes troch fan in hichte yn it wetter te dûken. Se briede yn lûdroftige koloanjes op sân of rotsige eilannen. Soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Status/Trend Opmerkingen 120px Thalasseus sandvicensis klikstirns net bedrigestabylThalasseus sandvicensis op BirdLife 120px Thalasseus acuflavidus Amerikaanske klikstirns net evaluëarre earder in ûndersoarte fan 'e klikstirns 120px Thalasseus elegans Kalifornyske klikstirns hast bedrigestabyl Thalasseus elegans op BirdLife 120px Thalasseus bengalensis Bingaalske klikstirns net bedrigestabyl Thalasseus bengalensis op BirdLife 120px Thalasseus albididorsalis Afrikaanske keningsstirns net evaluëarre earder in ûndersoarte fan 'e keningstirns 120px Thalasseus maximus keningsstirns net bedrigestabylThalasseus maximus op BirdLife 120px Thalasseus bergii túfstirns net bedrigestabylThalasseus bergii op BirdLife 120px Thalasseus bernsteini Sineeske klikstirns krityk25pxThalasseus bernsteini op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel