De stikelmûsgoffers (wittenskiplike namme: Heteromys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte mûsgoffers (Heteromyinae).

Taksonomy De stikelmûsgoffers foarmje it iennichste libbene skaai fan 'e ûnderfamylje fan 'e echte mûsgoffers (Heteromyinae), dêr't fierders ek de fossile skaaien fan 'e twabergemûzen (Diprionomys) en de Seviermûzen (Metaliomys) ta rekkene wurde. It skaai fan 'e stikelmûsgoffers is yn 2007 útwreide mei alle soarten út it eardere skaai Liomys, nei't by nij DNA-ûndersyk bleken wie dat dat skaai parafyletysk (en dus ûnjildich) wie.

Beskriuwing Ta de stikelmûsgoffers hearre 16 ûnderskate soarten, dy't foarkomme fan Teksas, yn it suden fan Noard-Amearika, oant yn Ekwador, yn it noarden fan Súd-Amearika. De oarsprong fan 'e ûnderfamylje leit lykwols yn Noard-Amearika. Stikelmûsgoffers arrivearren noch mar relatyf resint yn Súd-Amearika, as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling doe't der (yn 'e foarm fan 'e Lâningte fan Panama) in lânbrêge tusken de beide kontininten ûntstie.

Karakteristike skaaimerken foar stikelmûsgoffers binne in sêfte pels mei lytse stikels dertrochhinne en in lange sturt. Se libje foar it meastepart yn wâlden, wylst guon soarten ek foarkomme yn savanne- en/of steppe-eftige biotopen. It dieet fan 'e bistkes bestiet fierhinne út sieden, hoewol't faak ek oar plantaardich guod en lyts wringeleas dierte fretten wurdt. De siedsjes bewarje se yn 'e eksterne wangpûden oan 'e bûtenkant fan 'e kop oant se weromgeane nei har hoale.

Soarten

skaai stikelmûsgoffers (Heteromys) Araguastikelmûsgoffer (Heteromys catopterius) berchstikelmûsgoffer (Heteromys oresterus) bûnte stikelmûsgoffer (Heteromys pictus) desmareststikelmûsgoffer of Desmarests stikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus) dizestikelmûsgoffer (Heteromys nubicolens) Ekwadoraanske stikelmûsgoffer (Heteromys teleus) gaumerstikelmûsgoffer of Gaumers stikelmûsgoffer (Heteromys gaumeri) goldmanstikelmûsgoffer of Goldmans stikelmûsgoffer (Heteromys goldmani) Jaliscostikelmûsgoffer (Heteromys spectabilis) Meksikaanske stikelmûsgoffer (Heteromys irroratus) nelsonstikelmûsgoffer of Nelsons stikelmûsgoffer (Heteromys nelsoni) Panameeske stikelmûsgoffer (Heteromys adspersus) Paraguanástikelmûsgoffer (Heteromys oasicus) salvinstikelmûsgoffer of Salvins stikelmûsgoffer (Heteromys salvini) súdlike stikelmûsgoffer (Heteromys australis) Trinidadstikelmûsgoffer (Heteromys anomalus)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûsgoffer