It heidebarmke (Linaria flavirostris; synonym: Carduelis flavirostris) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae).
Skaaimerken Heidebarmkes binne te ferlikenjen yn grutte en foarm mei it besibbe robyntsje, mar ha in wat langere en mear foarke sturt en in lytser kopke. It fearrekleed mist ek it read fan it robyntsje op 'e krún en it boarst. De fûgeltsjes wurde likernôch 13 sm lang en ha in spanwiidte fan 21 oant 23 sm.
De kop en rêch binne griisbrún mei smelle donkere streken. Oer it donkerbrune each rint in donkere streek nei efter en de wangen binne faak sêft bêzje oant griisbrún. De ûnderkant is ljochtgrizich oant brutsen wyt mei sêft-brune flanken. By de sturt binne yn 'e flecht de wite rânen goed te sjen fan 'e donkerbrune fearren. De wjukken binne donkerbrún mei in tinne, ljochtere wjukbân.
Mantsjes kinne by in nij fearrekleed tydlik in sêft rôze kleur ha op 'e midden fan 'e rêch en somtiden ek oer de skouders en op it boarst, dat faak it bêste te sjen is yn sinneljocht. Winterdeis is de snaffel giel (dêrfandinne de soartenamme flavirostris, itjinge 'mei giele snaffel' betsjut), mar simmerdeis griisbrún.
Fersprieding Heidebarmkes komme oarspronklik út de bercheftige regio's fan Sintraal-Aazje. Hy komt ek foar yn grutte gebieten fan 'e Kaukasus en yn 'e bercheftige regio's en hege plato's fan Turkije en hat populaasjes op 'e Britske Eilannen (sawat 10.000 pearen), yn Noarwegen (100.000–500.000 pearen) en yn lytsere oantallen yn Sweden, Finlân en Ruslân. As briedfûgel is er fierder folslein ôfwêzich yn it grutste part fan Jeropa en ek yn 'e berchen fan 'e Alpen en Pyreneeën. De Europeeske briedpopulaasje wurdt beskôge as in oerbliuwsel fan it foarkommen fan 'e soarte yn 'e iistiid boppe de westlike en sintrale dielen fan it Palearktysk gebiet.
De measte Sintraal-Aziatyske populaasjes binne stânfûgels, mar guon populaasjes migrearje. De Noardwest-Europeeske populaasjes binne mear trekfûgels. De lêste desinnia is it oerwinteringsgebiet fan 'e soarte mear nei it noarden ferskood. Nederlân leit oan 'e grins fan it súdlike Europeeske oerwintersgebiet en dêrfandinne oerwinterje se yn jimmeroan lytsere oantallen yn ús lân en dan fral oan 'e kusten fan 'e Waadsee.
thumb|260px|Groepke heidebarmkes yn Ingelân. Heidebarmkes wurde yn twa ûndersoartegroepen ferdield, dy't fan inoar isolearre binne: flavirostris, dy't foarkomt yn it noardwestlike Palearktyske gebiet en brevirostris dy't foarkomt yn it eastlike Palearktyske gebiet:
flavirostris Linaria flavirostris flavirostris – briedt yn Noarwegen, noardlik Finlân en op it Kola-skiereilân. Linaria flavirostris pipilans ynklusyf bensonorum – briedt yn noardlik Brittanje, Ierlân, de Sjetlâneilannen, de Hebriden en de Orkney-eilannen.
brevirostris
Linaria flavirostris brevirostris – briedt yn eastlik Turkije, de Kaukasus en noardwestlik Iran. Linaria flavirostris korejevi ynkl. kirghizorum – briedt yn it gebiet om it súdlike Oeralberchtme hinne eastlik troch Kazachstan oant Xinjiang yn noardwestlik Sina en súdlik oant noardlik Afganistan. Linaria flavirostris altaica – briedt yn it Tannû Ola-berchtme yn súdlik Sibearje en noardwestlik Mongoalje. Linaria flavirostris montanella ynkl. pamirensis – briedt yn noardlik Sina en súdlik oant it hiele noarden fan Pakistan en de Pamir. Linaria flavirostris miniakensis – briedt yn sintraal Sina. Linaria flavirostris rufostrigata - briedt yn 'e Himalaya.
Hâlden en dragen It iten bestiet út sied en ynsekten.
Status Heidebarmkes ha in tige grut ferspriedingsgebiet. De populaasjetrend is lykwols ûndúdlik. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern 2024). Guon populaasjes binne kwetsberder as oare populaasjes. De wrâldpopulaasje wurdt op 1,6 miljoen oant 5,5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Robyntsje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje