De treurmaina of treurprotter (Acridotheres tristis) is in sjongfûgel út de famylje protterfûgels (Sturnidae). De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt by ús as in ynvasive soarte beskôge.
Skaaimerken thumb|left|Fûgels yn Súd-Afrika. De soarte is in brune fûgel fan likernôch 23 sm lang. De kop is swart mei in giel neaken plak om 'e eagen en in giele snaffel en poaten. Op 'e wjukken binne grutte wite plakken, dy't yn 'e flecht goed te sjen binne.
Fersprieding De treurmaina komt oarspronklik yn tropyske gebieten fan Súdeast-Aazje foar yn iepen boskeftige kriten, lânbougebieten, by delsettings en yn stêden.
Fan 'e soarte wurde twa ûndersoarten erkend:
Acridotheres tristis tristis: fan súdlik Kazachstan, Turkmenistan en eastlik Iran oant súdlik Sina, Yndosina, Malakka en súdlik Yndia. Acridotheres tristis melanosternus: Sry Lanka.
Troch ûntsnapte koaifûgels en yntrodusearre fûgels binne der populaasjes op in soad plakken bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet ûntstien, benammen yn grutte dielen fan it Midden-Easten, Sintraal-Aazje, Austraalje en Nij-Seelân, mar ek op eilannegroepen yn Oseaanje, yn 'e Yndyske Oseaan (Komoaren, Seysjellen ) en de Atlantyske Oseaan (Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha) en yn Afrika (Súd-Afrika, Egypte en Simbabwe). Waarnimmings yn Jeropa (ynklusyf de Kanaryske Eilannen, Frankryk en Itaalje) komme nei alle gedachten fan dy fûgels ynstee fan 'e oarspronklike populaasje.
De soarte is yn 2021 ek yn It Hearrenfean waarnommen. De provinsje Fryslân hie opdracht jûn om de fûgels út de natuer te ferwiderjen. De oarsprong fan 'e fûgels wiene mooglik ûntsnapt of út finzenskip frijlitten. As se fongen waarden, soene se nei in spesjalisearre opfang brocht wurde.
Hâlden en dragen thumb|left|Treurmaina dy't in rotteslang oanfalt. Treurmaina's binne net tier en ite ynsekten, fruit, griente en meie ek wol by jiskebulten omskarrelje oft dêr wat fan harren gading is. Se kinne in fruchtbeam plonderje en wurde dêrfandinne as pleachfûgel beskôge.
De treurmaina is monogaam en boud it nêst yn in beam holte of yn muorren en oare keunstmjittige nêstplakken. De nêsten wurde fan blêd, gers, fearren en ôfeart makke en in lechsel bestiet út fjouwer oant seis aaien. De âlders briede de aaien yn 13 oant 18 dagen út en fleane nei likernôch 30 dagen út. Nei in jier binne se geslachtsryp. Ofhinklik fan it ferspriedingsgebiet kin de fûgel mear as ien kear briede. Se wurde likernôch 4 jier âld.
De treurmaina kin minsken neiprate.
Koaifûgel De treurmaina is in populêre koaifûgel en libbet graach tichteby minsken. Sûnt 2019 wurdt de fûgel troch de EU as ynvasyf beskôge. It is dêrom yn 'e EU ferbean om de soarte te fokken, te hâlden, te ferhanneljen, út te wikseljen of te ferfieren.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mar nimt yn it oarspronklike gebiet yn oantallen ôf. De wrâldpopulaasje wurdt op 200 miljoen fûgels rûsd (2017). De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Maina Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Bachrein Kategory:Eksoat yn Brûnei Kategory:Eksoat yn de Komoaren Kategory:Eksoat yn de Cookeilannen Kategory:Eksoat yn Egypte Kategory:Eksoat yn Fidzjy Kategory:Eksoat yn Yndoneezje Kategory:Eksoat yn Irak Kategory:Eksoat yn Kiribaty Kategory:Eksoat yn Koeweit Kategory:Eksoat yn Kirgyzje Kategory:Eksoat yn Madagaskar Kategory:Eksoat yn de Maldiven Kategory:Eksoat yn Mauritsius Kategory:Eksoat yn Nij-Kaledoanje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Oman Kategory:Eksoat yn Katar Kategory:Eksoat yn Reünion Kategory:Eksoat yn Samoä Kategory:Eksoat yn Saûdy-Araabje Kategory:Eksoat yn de Seysjellen Kategory:Eksoat yn de Salomonseilannen Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika Kategory:Eksoat yn Sint-Helena Kategory:Eksoat yn Tadzjikistan Kategory:Eksoat yn Tonga Kategory:Eksoat yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn Turkije Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Fjetnam Kategory:Eksoat yn Simbabwe Kategory:Eksoat yn Fanûatû Kategory:Eksoat yn Oezbekistan Kategory:Eksoat yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Eksoat yn Ascension Kategory:Eksoat yn Tristan da Cunha