Daniel Naroditsky (San Mateo, 9 novimber 1995 - Charlotte, 19 oktober 2025) wie in Amerikaansk skaakgrutmaster.
Libbensrin Daniel Naroditsky wie de soan fan in wiskundige út Oekraïne en in pianiste fan Azerbeidzjan; de fiertaal yn 'e húshâlding wie Russysk. Hy learde skaken doe't er in jier as seis âld wie. Yn 2004 en 2005 wûn er de Amerikaanske skoalskaakkampioenskippen. Yn 2007 waard er wrâldkampioen yn de âlderdomskategory oant tolve jier. Yn 2010 publisearre er syn earste skaakboek en waard dêrmei de jongste auteur fan skaakliteratuer ea. Yn 2011 krige er de FIDE-titel ynternasjonaal master en yn 2013 de titel grutmaster. Yn 2015 begûn er in stúdzje oan de Stanford-universiteit, dêr't er yn 2019 ôfstudearre yn skiednis.
Dêrneist wurke hy ûnder mear as kommentator foar it skaakplatfoarm Chess.com en as skaakkollumnist foar de New York Times. Yn Nederlân waard Naroditsky bekend as analist en kommentator by it jierlikse skaaktoernoai yn Wijk aan Zee, en wie er aktyf op YouTube en tsjen. Mei goed 800.000 folgers waard er ien fan de bekendste streamers op skaakgebiet. RTL nieuws, 21-10-2025, Schaakgrootmeester en populaire youtuber Daniel Naroditsky (29) plotseling overleden Rieplachte op 21-10-2025 Daniel Naroditsky ferstoar op 19 oktober 2025, yn 'e âldens fan 29 jier.
Kategory:Amerikaansk skaker Kategory:Amerikaansk skriuwer kategory:Amerikaansk ynternetstjer Kategory:Amerikaansk persoan fan Oekraynsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Azerbeidzjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1995 Kategory:Persoan stoarn yn 2025