It stânbyld fan Cornelis Lely is in stânbyld fan yngenieur Cornelis Lely (1854-1929) op it Fersoargingsplak Monumint by it Flietermonumint op 'e Ofslútdyk.
Skiednis Yn 1952 frege Rykswettersteat keunstner Mari Andriessen en meitsje in byld fan Lely, dy't de arsjitekt wie fan 'e Suderseewurken. It byld waard op 23 septimber 1954 op 'e kop fan 'e Ofslútdyk by it Noardhollânske Den Oever pleatst, de hûndertste bertedei fan Lely, en ûntbleate troch keninginne Juliana.
Yn 2004 waard it byld fan syn sokkel helle. In replika fan it byld waard pleatst op 'e Pylder fan Lely yn Lelystêd.Pylder fan Lely op sleutelwerken.nl Yn 2007 waard it stâbyld ferpleatst nei it Fersoargingsplak Monumint op 'e Ofslútdyk, likernôch 150 meter westlik fan it Flietermonumint. It byld waard op 24 maaie 2007 by it fieren fan it 75-jierrige jubileum fan 'e Ofslútdyk ûntbleate troch kroanprins Willem-Alexander. Dêr wiene ek guon famyljeleden fan Lely by oanwêzich. Yn 2023 waard it byld omreden werynrjochtsjen fan it gebiet om it Monumint hinne likernôch 15 meter ferpleatst.
Beskriuwing It stânbyld waard pleatst yn in steande hâlding, mei in wapperjende jas en in aktetas ûnder syn earm. It brûnzen stânbyld stiet op in stiennen sokkel. In ynskripsje oan 'e foarkant neamd: It keunstwurk is fjouwer meter heech en twa meter breed.stânbyld Cornelis Lely op collectiebeeldenaanzee.nl It stânbyld stiet oan 'e Waadseekant, dochs Lely sjocht yn 'e rjochting fan 'e Iselmar.
Tinkstien By it stânbyld leit ek in tinkstien. thumb|300px|left CORNELIS LELYAMSTERDAMMERONTWIERP ALS INGENIEUR DER ZUIDERZEEVERENIGINGDE AFSLUITING EN DROOGLEGGING DERZUIDERZEEWAAROP HIJ ALS MINISTER VAN WATERSTAAT IN 1918DE GOEDKEURING DER STATEN-GENERAAL VERWIERFONGEVALLENWET EN STAATSMIJNBEDRIJFTELLEN ONDER HET VELE HEILZAMEDAT HIJ BEVORDERDE OF TOT STAND BRACHTHET NEDERLANDSE VOLKRICHTTE HEM DIT STANDBEELD OPONTHULD OP ZIJN EEUWFEEST 23 SEPTEMBER 1954 DOORKONINGIN JULIANA
Kategory:Stânbyld yn Nederlân Kategory:Ofslútdyk Kategory:Den Oever Kategory:Keunstwurk út 1954