thumb|Haadgebou fan it eardere opliedingssintrum yn 2011 Wurkkamp Road (Nederlânsk: Werkkamp Roden) is in earder opliedingssintrum út de krisisjierren, dat letter, ûnder de namme De Zwerfsteen, tsjinst die as jeugdherberch. It leit tichtby Roderesch, gemeente Noordenveld, yn Drinte.
Skiednis Wurkkamp Roan waard, op inisjatyf fan de Ried fan Tsjerken, Nationaal Archief, Den Haag, Ministerie van Sociale Zaken: Afdeling Werkverschaffing en Steunverlening, 1931-1945, nummer toegang 2.15.28, inventarisnummer 783 troch de Centrale voor Werklozenzorg Utrecht yn 1934 stifte. Op 20 april 1936 iepene de doetiidske kommissaris fan de Keninginne De Vos van Steenwijk it kompleks yn oanwêzigens fan prinses Juliana. It wie ûnderdiel fan de wurkferskaffing yn de krisisjierren en, mear spesifyk, bedoeld foar it oplieden fan jongeren. "Melding Werkkamp Roden" - 30 desimber 1934, Nieuwsblad van het Noorden (deade keppeling) De opliedingen koene ek ferbân hâlde mei it oanmeitsjen fan woeste grûn, de haadtaak fan it op in pear kilometers ôfstân lizzende Kamp De Fledders. (Yn Drinte waarden om 1934 hinne sa'n 6000 wurkleazen ferplichte oan it wurk set by ûnder oare ûntginnings). CultureelErfgoed.nl
Yn 1954 waard it in jeugdherberch fan de Nederlânske Jeugdherberchsintrale (no: Stayokay) en krige it syn hjoeddeiske namme: de Zwerfsteen. Mei fanwegen de ekonomysk minne tiden fan de jierren 80 waard de Zwerfsteen yn 1985 selsstannich, as de earste franchise-jongereinherberch yn Nederlân. Nei 2000 bleau it yn gebrûk as groepsakkommodaasje en foar deirekreaasje, mar wie net mear oansletten by Stayokay.
Keppeling om utens Webside fan de Zwerfsteen
Kategory:Wurkferskaffingskamp Kategory:Jeugdherberch Kategory:Bouwurk yn Noardenfjild Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1934