Paul Van Bruystegem (Leuven, 13 juny 1959 - Lier, 4 oktober 2025), wie in Flaamsk bassist en gitarist. Van Bruystegem wie benammen bekend as bassist fan Triggerfinger. Hy hie twa bynammen Monsieur Paul en Lange Polle.

Wurkpaad Op syn fjirtjinde ferliet Van Bruystegem it âlderlik hûs om muzyk spylje te kinnen, dêr't syn âlden tsjin wiene. Earst trede er op yn kafees en kaam sa yn kontakt mei oare muzikanten. Hy wie sesjegitarist en fêste gitarist fan ûnder oaren The Wolf Banes, Beverly Jo Scott, The Popgun, Big Bill, Neeka en tal fan oare sydprojekten.

Hy wie gitarist by The Wolf Banes mar foaral bekend as bassist fan Triggerfinger, dêr't er yn 2003 by oansleat. By Triggerfinger skeakele er oer fan gitaar nei bas, al bleau er himsels as gitarist en net as bassist sjen.

Yn juny 2023 stapte er út Triggerfinger optrede mei de band waard te swier. Op 11 juny stie er yn de Ancienne Belgique foar it lêst mei Triggerfinger op it poadium. Paul Van Bruystegem ferstoar op 4 oktober 2025, yn 'e âldens fan 66 jier, nei in lang siik wêzen.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Where Is the Party?1989The Wolf BanesHigh Five1991Suite 161993Wolfbania1994Triggerfinger26 jannewaris 2004TriggerfingerInner Peace,CamaroWhat Grabs Ya?25 febrewaris 2008Soon,Is ItAll This Dancin' Around12 novimber 2010All This Dancin' Around,Love Lost In Love,Let It Ride,It Hasn't Gone Away,I'm Coming For YouThe Wolf Banes2010The Wolf BanesBy Absence of the Sun18 april 2014TriggerfingerPerfect MatchThe Dungeon Tapes2014The Wolf BanesColossus 25 augustus 2017TriggerfingerFlesh tight,Colossus,Breathlessness,That'll be the day,Bring Me Back A Live Wild OneSugar Skull2024The Wolf Banes

Kategory:Persoan berne yn 1959 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Flaamsk bassist Kategory:Flaamsk gitarist Kategory:Flaamsk rockartyst