De klikstirns (Thalasseus sandvicensis, ek wol Sterna sandvicensis) is in fûgel yn it skaai Thalasseus.

Taksonomy Eartiids waarden de measte stirnzen yndield by it skaai Sterna. Ut DNA-ûndersyk hat bliken dien dat der sprake wie fan in fylogenysk skaai. De klikstirns waard dêrnei mei oare besibbe soarten yn it skaai Thalasseus set.

Beskriuwing thumb|left|Briedkleed. thumb|left|Winterkleed. In folwoeksen klikstirns mjit 37 oant 43 sintimeter yn 'e lingte en hat in wjukspanwiidte fan sawat 100–110 sm. De boppekant fan 'e wjukken is ljochtgriis, wylst de ûnderkant en de hals wyt binne. De koarte sturt is foarke, itjinge yn 'e flecht goed te sjen is. Yn it briedkleed hat er in folslein swarte kroan, mei in swarte rûge túf op 'e nekke. Yn it winterkleed hat er in wite foarholle en is de swarte túf wat suterich. Mantsjes en wyfkes binne ferlykber fan uterlik. De snaffel is lang en swart mei in ljochtgiele punt. Ek de poaten binne swart.

Fersprieding De klikstirns briedt yn Jeropa en Aazje oan 'e kusten fan 'e Noardsee, de Eastsee, de Atlantyske Oseaan, de Middellânske See, de Swarte See en de Kaspyske See. Winterdeis migrearret er nei Súd-Jeropa, Afrika oant de kusten fan Yndia en Sry-Lanka.

Nederlân thumb|left|Klikstirnzen op Teksel. Yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw brieden der noch 40.000 pearkes yn Nederlân. Wetterfersmoarging feroarsake in grutte delgong fan 'e soarte yn 'e jierren 1960. Dêrnei groeiden de oantallen wer oant sa'n 10.100-10.200 (2024) pearkes. Klikstirnzen briede fral yn in pear koloanjes op eilannen en kwelders yn it Waad- en Deltagebiet.

Yn Nederlân binne de klikstirnzen fan maart oant healwei novimber te sjen. Se bliuwe oan 'e kust. Winterdeis bliuwe der lytse oantallen.SOVON, oproppen 23 oktober 2025.

Undersoarten De klikstirns wurdt hjoed-de-dei as in monotypyske soarte behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne. De twa eardere ûndersoarten acuflavidus en eurygnathus wurde tsjintwurdich behannele as in aparte soarte, Amerikaanske klikstirns (T. acuflavidus).

De âlde yndieling wie:

Thalasseus sandvicensis sandvicensis – fan Europa oant de Kaspyske See; oerwinteret yn it suden fan Afrika, Yndia en Sry Lanka. Thalasseus sandvicensis acuflavidus – súdeastlike kusten fan 'e Feriene Steaten fan Virginia súdlik oant Belize; oerwinteret oan 'e Golf fan Meksiko oant it Karibysk gebiet, de Atlantyske kust fan Súd-Amearika oant noardeastlik Brazylje, en oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fan Kolombia oant súdlik Perû. Thalasseus sandvicensis eurygnathus – yn 'e Kariben (Porto Riko en de Famme-eilannen), eilannen foar de kust fan Fenezuëla, de Guyana's en noardlik en eastlik Súd-Amearika fan Frânsk-Guyana oant noardlik Argentynje

De Amerikaanske klikstirns libbet yn Noard- en Súd-Amearika, fan it eastlike diel fan 'e Feriene Steaten oant Argentynje, wylst se ek te sjen binne oan 'e westkust fan Súd-Amearika súdlik nei Perû.

Amerikaanske klikstirnzen hawwe koartere snaffels en sterkere snaffels. Yn it Súdamerikaanske takson Eurygnatha is de snaffel ek folslein giel. Jonge Amerikaanske klikstirnzen hawwe gielige snaffels en folslein wite rêgen en wjukdekfearren, oars as de fûgels fan 'e Alde Wrâld, dy't folslein donkere snaffels en mear plakjes op 'e rêgen en wjukdekfearren hawwe.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der binne gjin oanwizingen fan grutte bedrigingen of in ôfname fan 'e populaasje. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Klikstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf