De grinspeal Ofslútdyk is de grinspeal op 'e Ofslútdyk tusken Fryslân en Noard-Hollân.
Beskriuwing De grinspeal fan hurdstien waard yn 1932 set. De peal is 80 sm heech en is tapsk tarinnend mei in piramide-eftige top. Oan wjerskanten fan 'e peal binne op brûnzen plakkaten de wapenskylden fan Fryslân oan iene kant en Noard-Hollân oan oare kant. De grinspeal waard yn 2001 as ryksmonumint oanwiisd.Monuminteregister: 516535
De peal stie earst oan 'e Iselmarkant, mar waard yn 1975 nei it heger lizzende Waadseekant ferhuze. De peal waard mei fersin ferkeard om set. It wapen fan Fryslân stie oan 'e Noardhollânske kant en dy fan Noard-Hollân oan 'e Fryske kant. By in grinspeal heart dat net sa te wêzen, oars as by in yngongsboerd. Dy flater waard earst yn 2016 opmurken. Nei it ferheegjen fan de dyk, waard de grinspeal nei restauraasje fannijs op de goede posysje weromset dêr't de Wapen fan Fryslân oan 'e eastkant en it Wapen fan Noard-Hollân oan 'e westkant kaam.Onthulling provinciale grenspaal op de Afsluitdijk op de afsluitdijk.nl
Kategory:Ofslútdyk Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân