Samuel Robert (Sam) Rivers (Jacksonville, 2 septimber 1977 - 18 oktober 2025), wie in Amerikaansk bassist. Rivers wie benammen bekend as bassist fan Limp Bizkit.

Wurkpaad Rivers trof Fred Durst foar it earst doe't er wurke by in Chick-fil-A yn in winkelsintrum yn Jacksonville. De twa rekken oan de praat en ûntdutsen dat se ferskate ynteresses hiene, wêrûnder skateboarden en muzyk. Se besleaten om tegearre wat muzikaal om te gean pielen. Tegearre mei in tal oare minsken foarmen se net folle letter in koartstjondige band mei de namme Malachi Sage.

Doe't de band net fan de grûn kaam, besleaten de twa it nochris te besykjen, yn 1994 rjochten se tegearre mei John Otto, Limp Bizkit op. Letter, yn 1996, kamen Wes Borland en DJ Lethal derby.

Yn 2015 moast Rivers in stap weromdwaan by Limp Bizkit fanwege in leveroandwaning as gefolch fan oermjittich alkoholgebrûk. Rivers ûndergie in levertransplantaasje en stie yn 2018 wer mei de band op it poadium.

Sam Rivers ferstoar op 18 oktober 2025, yn 'e âldens fan 48 jier.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Three Dollar Bill, Y'all 1 july 1997 Limb Bizkit Counterfeit,Sour,Faith Significant Other22 juny 1999 Nookie,Re-Arranged,N 2 Gether Now,Break StuffChocolate Starfishand the Hot Dog Flavored Water16 oktober 2002Take a Look Around,My Generation (The Who cover),Rollin' (Air Raid Vehicle)My WayBoilerResults May Vary23 septimber 2003Eat You Alive,Behind Blue Eyes (The Who cover)Gold Cobra28 juny 2011Shotgun,Gold CobraStill Sucks31 oktober 2021Dad Vibes

Kategory:Persoan berne yn 1977 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Amerikaansk bassist Kategory:Amerikaansk metalartyst