Paul Daniel Frehley (New York, 27 april 1951 - Morristown, 16 oktober 2025), better bekend ûnder de namme Ace Frehley,wie in Amerikaansk gitarist. Frehley wie benammen bekend as gitarist fan Kiss.

Wurkpaad Ace Frehley waard nei in audysje foar Paul Stanley, Gene Simmons en Peter Criss yn it begjin fan 1973 de sologitarist fan KISS. As gefolch fan oermjittich drank - en drugsgebrûk waard Frehley yn 1982 troch de oare bandleden út de band set. Yn 1987 brocht Ace mei syn nije band, neamd Frehley's Comet, in album mei deselde namme út. Nei twa albums gie Frehley's Comet by inoar wei, en gie Frehley ûnder syn eigen namme solo fierder.

Yn 1995 hie Kiss in "unplugged" (in optreden sûnder fersterkers) optreden by MTV en Ace Frehley die mei as "special guest". Dit resultearre yn it weromkommen fan Ace Frehley by Kiss, wêrnei't in tal tournees folgen. Yn 2000 besleaten Paul Stanley en Gene Simmons, nei de "Farewell Tour", om dochs noch troch te gean mei toeren, mar Frehley ferliet op 'e nij de band. Yn 2009 kaam syn fjirde solo studioalbum Anomaly út, goed 20 jier nei foargonger Trouble Walkin.Yn 2011 folge in autobiografy mei as titel No Regrets - A Rock 'N' Roll Memoir.

Ace Frehley ferstoar op 16 oktober 2025, yn 'e âldens fan 74 jier, oan de gefolgen fan in falpartij yn syn studio trije wiken earder. NOS, 17-10-2025, Sologitarist Ace Frehley (74) van rockband Kiss overleden Rieplacht op 21-10-2025

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Kiss8 febrewaris 1974KissNothin' to Lose,Kissin' Time,StrutterHotter than Hell22 oktober 1974Let Me Go, Rock 'n' RollDressed to Kill19 maart 1975Rock and Roll All Nite,C'mon and Love MeDestroyer15 maart 1976Shout It Out Loud,Flaming Youth,Detroit Rock City,BethRock and Roll Over11 novimber 1976Hard Luck Woman,Calling Dr. LoveLove Gun17 juny 1977Christine Sixteen,Love GunAce Frehley18 septimber 1978Ace FrehleyNew York GrooveDynasty23 maaie 1979KissI Was Made for Lovin' You,Sure Know Something,Dirty Livin,Magic Touch,2,000 ManUnmasked20 maaie 1980Shandi,Talk to Me,Tomorrow,Is That You?,What Makes The World Go 'RoundMusic from "The Elder"10 novimber 1981A World Without Heroes,I,The OathFrehley's Comet27 april 1987Frehley's CometInto the Night,Rock SoldiersSecond Sighting24 maaie 1988It's Over Now,InsaneTrouble Walkin'13 oktober 1989Ace FrehleyDo YaAnomaly15 septimber 2009Space Invader18 augustus 2014Spaceman19 oktober 2018Bronx Boy,Rockin' with the Boys,Mission to Mars10,000 Volts23 febrewaris 202410,000 Volts,Walkin' on the Moon,Cherry Medicine

Kategory:Persoan berne yn 1951 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk hardrockartyst