Dirk Roosenburg (De Haach, 6 juny 1887 – dêre 22 oktober 1962) wien in Nederlânsk arsjitekt en ûntwerper. Ien fan syn ferneamdste ûntwerpen binne dy fan 'e Lorentz- en Stevinslûzen yn 'e Ofslútdyk.

Libben Jonkheid en oplieding Syn heit Dirk Leonard wie in dokter, syn mem Selinde kaam út 'e ûndernimmersfamylje Fentener van Vlissingen. Dirk Roosenburg wie de tredde soan en hy hie fjouwer bruorren en twa susters. Hy is hikke en tein yn De Haach en gie nei de Hogereburgschool, dêr't goede prestaasjes makke yn geometry en tekenjen.Hoogstraten, Dorine van, 1971– (2005). Dirk Roosenburg : 1887–1962. Rotterdam: Utjouwerij 010. ISBN 9064505322. OCLC 61513853.

Roosenburg studearre fan 1905 oant 1911 oan 'e Technyske Universiteit yn Delft. Dêrnei studearre er in jier lang oan 'e École des Beaux-Arts yn Parys. Hy krige in baan by Jan Stuyt foar it Ryksgebouwetsjinst. Letter waard er learling en tekener fan Berlage. fan 1919 ôf wurke er tegearre mei A.H. op ten Noort en L.S.P. Scheffer by buro TABROS, en yn 1921 kocht er him út it bedriuw en set mei syn eigen buro útein. Hy fêstige him yn it atelier fan skilder Arie Martinus Lugt oan 'e Kerkhoflaan yn De Haach. Op dy lokaasje boude er ek syn eigen hûs.

Karriêre thumb|Untwerp KLM-flagge, Nigearia thumb|KLM-gebou, De Haach Yn 1919, doe't de KLM stifte waard, ûntwurp Roosenburg it oarspronklike KLM-logo. It ûntwerp bestie út in oranje-wyt-blau-flagge mei in swarte seiskant en mei dêr de letters "KLM" yn. Wjukken oan 'e lofter- en rjochterkant en in keninklike kroan bopp-oan makken it ûntwerp folslein. Tusken 1919 en 1939 ûntwurp er ferskate yndutriële gebouwen foar Philips yn Eindhoven. Yn 1929 makke er in monumint yn it Westbroekpark yn De Haach ta neitins fan Pieter Westbroek, direkteur fan de Haachske plantsoenetsjinst en ûntwerper fan it part dat syn namme hat. It is in bank fan stien, bakstien, hout en beton. Den Haag – Pieter Westbroek. standbeelden.vanderkrogt.net. Oproppen op 21 oktober 2019 Op fersykjen fan syn jongereinfreon Albert Plesman ûntwurp er it haadkantoar fan de KLM yn De Haach. De earste sydfleugel waard yn 1940 foltôge, nei de kriich waard de bou fan 1946 ôf wer oppakt. Yn 1969 waard it gebou oernommen troch it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Ogier, Frido (2015-04-12). KLM's Third Head Office in The Hague. KLM Blog. Oproppen op 21 oktober 2019.

Doe't er hast sechtich jier âld wie, sette Roosenburg útein mei in gearwurking mei twa meiwurkers: Verhave en Luyt. Letter sleat De Jong him ek by dy gearwurking oan as kompanjon. Roosenburg wie de ûntwerper fan it haadkantoar fan de KLM, dat yn syn oanwêzigens iepene waard troch prins Bernhard. It buro waard letter feroare ta LIAG Architecten en Bouwadviseurs, dêr't syn pakesizzer, D.A. Roosenburg, nei in fúzje kompanjon waard. Yn 1949 waard it stedhûs fan Flissingen boud dat troch Roosenburg ûntwurpen waard. Roosenburg dy't it haadkantoar fan Philips ûntwurp, waard wolris de hûsarsjitekt fan KLM, Philips en Stork neamd, en hy wie ek de ûntwerper fan ferskate projekten foar de nasjonale oerheid. Roosenburg wie in tiidgenoat fan Willem Dudok, Jacobus Johannes Pieter Oud en Gerrit Rietveld.Hy wie de ûntwerper fan de Lorentz- en Stevinslûzen en it dûanekantoar fan de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Ek ûntwurp er de Velsertunnel. In soad fan syn gebouwen binne útroppen ta ryksmonumint.

Untwerpen 1917: Stân op de Jierbeurs Utert. 1918: Stânbyld fan de bruorren De Witt, Doardt. 1921: Eigen hûs oan de Kerhoflaan yn De Haach. 1923: Philips Natlab yn Eindhoven. 1927: Hûs Windekind oan de Nieuwe Parklaan yn De Haach 1930: it Gemaal Lely yn Medemblik. 1930: slûzen fan it Twintekanaal. 1931: de Witte Dame yn Eindhoven. 1931: haadkantoar fan de Oranje Nassauminen yn Hearlen. 1931: Het Wooldhuis, De Zandloper en Waailust. Boargemasterswente en tsjinstwente yn Flissingen. 1932: Stevinslûzen en Lorentzslûzen (mei dûanekantoar). 1933: Slûs yn Eefde 1935: it Nederlânsk Paviljoen op de Wrâldútstalling fan 1935 yn Brussel. 1935: Lofthavengebou Welschap by Eindhoven 1936: op it fersykjen fan syn jongereinfreon Albert Plesman, ûntwurp er it KLM-haadkantoar oan de Plesmanweg yn De Haach. 1939: Apollo House yn Amsterdam 1939: de gemalen Smeenge, Vissering en Buma yn it Suderleech 1939: nij kantoar fan de Heemaf, bynamme "Lokomotyf", yn Hengelo 1940: KLM-haadkantoar 1956: de gemalen H. J. Lovink en H. Wortman 1957: Fentilaasjegebou fan de Velsertunnel

Priveelibben Dirk Rosenburg boaske Anna Petronella Luyt. Hja hiene 6 bern: Dirk Paris (berne 1912), Jan Govert (berne 1914), Jacob Martijn (Teun, berne 1916), Janneke Caroline (berne 1919), Selinde Pietertje (berne 1920) en Willem Herman (berne 1923). Syn soan Teun waard byldhouwer. Roosenburg is de pake fan Rem Koolhaas. In oare pakesizzer, Dirk Roosenburg is ek arsjitekt.

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk ûntwerper Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1962