Hendrik Stevin (1614 - 1668) wie in wetterboukundige. Hy wie de soan fan Simon Stevin.H.J. Habermehl: Hendrik Stevin in: De viersprong (tydskrift hist. fer. Alfen oan de Ryn) nr 104 side 79
Libben Hendrik Stevin studearre oan 'e Universiteit Leien wiskunde (ôfstudearre 14 febrewaris 1639) en wie fan 1640 ôf ambachtshear fan Alfen en Rietveld. Hy fersoarge de útjefte fan neilitten wurk fan syn heit Simon Stevin.
Hy wie yngenieur yn it Steatske leger fan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en makke it plan en brûk de Alde Ryn tusken Utert en Leien as trekfeart (1663). Hendrik Stevin ûntwikkele it ierst bekende plan en slút de Sudersee ôf (1667). Dat plan wie doe noch net út te fieren, mar ynspirearre oare plannen dy't dêr ta late ta it wurk fan Lely. De Stevinslûzen - it slûzekompleks by Den Oever yn 'e Ofslútdyk - binne nei him neamd.
Oant de Bataafske Revolúsje fan 1795 hong der yn de Alfenske tsjerke noch it rouboerd fan Hendrik Stevin, dêr't it famyljewapen op ôfbylde stie: de Clootcrans en it famyljebiedwurd fan syn heit Simon Stevin: Wonder en is geen wonder.
Kategory:Nederlânsk wetterboukundige Kategory:Persoan berne yn 1614 Kategory:Persoan stoarn yn 1668