De Stevinslûzen binne in slûzekompleks yn 'e Ofslútdyk oan 'e Noardhollânske kant by Den Oever. Mank mei de Lorentzslûzen by Koarnwertersân, oan 'e Fryske kant, soargje se foar de wetterpeil fan 'e Iselmar en dêr dus ek mei dy fan it efterlân. It wetter fan 'e Iselmar wurdt spuid yn 'e Waadsee. It kompleks bestiet út trije groepen silen en in skutslûs foar de skipfeart.

De slûzen binne neamd nei Hendrik Stevin, dy't yn 1667 as earste it plan hie en slút de Sudersee ôf.

Skiednis Foar de bou waard al besletten wêr't de Stevinslûzen komme soene: by de streamslinken om 'e kop fan Wieringen. Dêr waarden trije groepen silen en in skutslûs oanlein. It skipfeartferkear wie dêr minder drok as foar de Fryske kust, dêr't ien slûs wol foldwaande mei wie. De slûs krige deslede ôfmjittings as de grutte slûs by de Lorentzslûzen, mar krige ien tuskenhaad dêr't de kolk troch spjalte waard yn twa parten, dy't skutlingten krigen fan 57 en 79 meter. De krusings fan it autoferkear op 'e Ofslútdyk en it skipfeartferkear makken beweechbere brêgen needsaaklik. Doe't definsjebelangen ek meiwage waarden, waard keazen foar draaibrêgen, ynstee fan hege flapbrêgen want dy koene in dúdlik doel foar fijannich artillery west hawwe.

It slûzekompleks moast foar it ôfsluten fan 'e Sudersee al ree wêze foar gebrûk. By it wurk oan de dyk soene de streamen troch de lytser wurdende slútgatten tige sterk wurde, dat de feiligens fan it skipfeartferkear yn gefaar komme soe. De bouput foar de Stevinslûzen wie mid-1923 ree. De draachkrêft fan 'e oanwêzige balstienliem wie genôch en draach it gewicht fan 'e slûzen en brêgen. Mei de fundearring waard yn april 1927 úteinset en yn novimber 1930 wie de skutslûs al yn bedriuw. De silen wiene dien yn maaie 1932.

Untwerp De silen binne ûntwurpen troch Dirk Roosenburg, dy't de Lorentzslûzen ek ûntwurpen hie. De slûzen lizze tusken twa miltêre flakten út it Fort Den Oever, oan it begjin fan 'e Ofslútdyk. Oer de silen leit in fjouwerbaans rydwei en in fytspaad. Yn kriichstiid hiene de silen in definsive taak, hja moasten dêr nammers foar soargje dat der genôch wetter út 'e Waadsee yn 'e Iselmar streamde foar mooglike ynundaasjes yn 'e Fêsting Hollân. Dêrnei sjoen waarden de Stevinslûzen yn 'e Fort Den Oever pleatst, sa't it ompleks ferdigene wurde koe.

Beskriuwing Silen It kompleks bestiet út trije groepen fan silen, dy't fan Den Oever ôf sjoen, justjes nei de skutslûs beginne. De trije opinoar lykjende groepen hawwe allegear fiif slûskokers fan 12 meter breed, mei dêr twa kear seis heftuorren boppe. Yn 'e heftuorren sitte de ophinging en masineryen fan 'e ôfslútapparatuer. Yn alle slûskokers sitte in noarder- en suderskúf, respektyflik tusken de heftuorren oan 'e Waad- en Iselmarkant. De suderskuven of hefdoarren binne de normale wetterkearing, wylst de noarderskuven allinnich by stoarm brûkt wurde. Ornaris steane dy skuven altyd iepen. De skuven rinne by fertikale rails del tusken de heftuorren troch middel fan keatlings mei betonnentsjingewichten dy't oer tsjillen rinne. Dy keatlings, tsjillen, tsjingewichten en elktromotors binne allinnich yn 'e heftuorren. De silen binne in ryksmonumint.

Skutslûs Foar de skipfeart is der in skutslûs yn it kompleks. De slûs is 120 meter lang en 13 meter breed. Troch in boarrelskerm yn 'e slûskolk, dy't by alle skuttings oanset wurde, wurdt it ynkringen fan sâlt wetter út 'e Waadsee nei de Iselmar safolle mooglik tsjinholden.

Kategory:Den Oever Kategory:Ofslútdyk Kategory:Bouwurk yn Hollâns Kroan Kategory:Ryksmonumint yn Hollâns Kroan Kategory:Bouwurk út 1932