De domtsjerke fan Prato of Katedraal fan Sint-Stefanus (Italjaansk: Duomo di Prato; Cattedrale di San Stefano) is in roomske katedraal yn Prato, Toskane, Itaalje. Sûnt 1954 is de tsjerke de sit fan 'e biskop fan it bisdom Prato, nei't de tsjerke earder sûnt 1653 in katedraal wie fan it bisdom Pistoia en Prato. De domtsjerke is wijd oan Sint-Stefanus, de earste kristlike martelder.

It is ien fan 'e âldste tsjerken yn 'e stêd, dy't al yn 'e 10e iuw bestie. De katedraal waard yn ferskate fazes yn 'e romaanske styl boud en bewarret in oantal opmerklike keunstwurken. Paus Pius XII joech de tsjerke op 22 septimber 1949 de status fan basilica minor.

Skiednis De tsjerke fan Sint-Stefanus waard boud yn in griene greide (de betsjutting fan Prato) nei de ferskining fan 'e Jongfaam Marije by it eartiidske doarpke Borgo al Cornio (it hjoeddeiske sintrum fan Prato). It earste gebou wie in lytse parochytsjerke, dy't yn dokuminten al yn it jier 994 as de Pieve di Santo Stefano neamd wurdt. De tsjerke waard yn 'e 15e iuw foars útwreide: sydskippen waarden fergrutte en in klokketoer waard boud (foltôge yn 1356). Sa ûntstie it goatysk-romaanske gebou fan hjoed-de-dei. thumb|left|Biskop Gastone Simoni, dy't it folk de Hillige Gurdle toant. Yn 'e 14e iuw krige de tsjerke in wichtige relikwy, de Sacra Cintola of de hillige Gurdle fan Marije. Dat soarge foar in soad oanrin fan pylgers en de tsjerke moast op 'e nij útwreidzje mei in dwersskip en fiif kapellen, wêrûnder de Cintola-kapel dêr't de relikwy bewarre wurdt.

Oan 'e begjin fan 'e 15e iuw waard in nije westlike gevel yn 'e goatyske styl boud. Yn 'e romte tusken de âlde gevel en de nije waard in narteks of gong makke, dy't nei in preekstoel op 'e hoeke fan 'e gevel laat. De preekstoel is boud troch Michelozzo en waard fersierd troch Donatello tusken 1428 en 1438. De sân orizjinele reliëfs fan 'e preekstoel waarden yn 1967 fuorthelle en binne hjoed-de-dei yn it katedraalmuseum fan Prato te sjen .

Ynterieur thumb|left|Ynterieur. De tsjerke hat in oerflak op in Latynsk krús en bestiet út trije 13e-iuwske skippen yn romaanske styl. Se wurde skieden troch elegante pylders fan griene serpentyn, wêrfan't de kapitelen oan Guidetto taskreaun wurde. De ferwulften, ûntwurpen troch Ferdinando Tacca, waarden yn 'e 17e iuw tafoege.

Yn it noardlike sydskip stiet in opmerklike renêssânse-preekstoel yn wyt moarmer (1469–1473). De basis is fersierd mei sfinksen en de kûp hat reliëfs fan Antonio Rossellino fan 'e Himelfeart en de Sint-Stefanus en fan Mino da Fiesole mei foarstellings fan Jehannes de Doper. Oan 'e oare kant stiet yn it oare sydskip in grutte brûnzen kandler fan Maso di Bartolomeo (1440). Maso fierde ek de westlike galerij út, dat fersierd is mei in fresko fan 'e Himelfeart fan Marije fan David en Ridolfo del Ghirlandaio.

Transept In lytse trep liedt fan 'e âlde tsjerke nei it 14e-iuwske dwersskip, dat fiif hege krúsferwulften hat, dy't allegear einigje yn in apsiskapel. It preesterkoer hat trije wurken fan 'e Amerikaanske keunstner Robert Morris (2000–2001).

Yn 'e súdlike earm fan it dwersskip stiet it renêssânse-tabernakel fan 'e bruorren Da Maiano; it terrakotta wurk fan Madonna mei it Bern (1480) is fan 'e ferneamdere Benedetto.

Capella della Sacra Cintola thumb|260px|Kapel fan 'e Hillige Gurdle. De Capella della sacra cintola fuort by it binnenkommen oan 'e lofter kant waard troch Lorenzo di Filippo tusken 1386 en 1390 boud om de relikwy fan 'e Hillige Gurdle ûnder te bringen. De kapel stiet yn it earste diel fan it lofter sydskip.

De romte fan 'e kapel is mei fresko's fan Agnolo Gaddi fersierd mei foarstellings oer it libben fan Marije en barrens om de Hillige Gurdle hinne, dy't de hiele eastlike muorre fersiere. Yn 'e kapel stiet in byld fan Madonna con Bambino fan wyt moarmer út it begjin fan 'e 14e iuw, in wurk fan Giovanni Pisano. De kapel wurdt yn beide rjochtingen nei de tsjerke mei in brûnzen stek út de renêssânse fan Maso di Barolomeo ôfsletten.

Cappella Maggiore thumb|left|Haadkapel. De haadkapel is mei fresko's fersierd fan Filippo Lippi en syn atelier yn gearwurking mei Fra' Diamante da Terranuova. De finsters fan 'e kapel binne nei alle gedachten nêffens ûntwerp fan Filippo Lippi makke. Skilderijen De katedraal besit ferskillende skilderijen fan grutte keunstners út de 14e oant de 17e iuw. Guon dêrfan hingje yn 'e tsjerke en oaren binne te sjen yn it Museo dell'Opera del Duomo di Prato.

Katedraal Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Basilyk yn Itaalje Kategory:Bouwurk út de 12e iuw