Robyntsjes (Linaria) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje finkfûgels (Fringillidae). De soarten stiene earder yn it skaai Carduelis, mar út in publikaasje fan in molekulêre fylogenetyske stûzje yn 2012 die bliken dat it skaai polyfyletysk wie.

It skaai bestiet út slanke finkefûgels fan 12–15 sm fûgels mei in koarte, sterke snaffel, dy't geskikt is om sied te iten. De soarten ha in dúdlike seksuele dimorfy. Bûten de briedtiid wurde se faak yn groepen sjoen. It ferspriedingsgebiet fan it skaai leit yn Europa fan Madeira en de Kanaryske Eilannen eastlik troch it Midden-Easten en Aazje oant Mongoalje en westlik Sina mei twa isolearre soarten op it Arabysk skiereilân en yn Somaalje. It habitat bestiet út iepen gebiet lykas heide, steppes, greiden, agraryske lânskip en somtiden ek dunen oan 'e kust en boskrânen op hichten oant maksimaal de beamgrins.

Soarten It skaai telt fjouwer soarten:

Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding IUCN-status/Trend 120px Linaria flavirostris heidebarmke Noard-Europa oer Sintraal-Aazje net bedrigestabylLinaria flavirostris op BirdLife 120px Linaria cannabina robyntsje Europe, West-Aazje, Noard-Afrika net bedrige25pxLinaria cannabina op BirdLife 120px Linaria yemenensis Jemenitysk robyntsje Jemen, Saûdy-Araabje net bedrigestabylLinaria yemenensis op BirdLife Linaria johannis Somalysk robyntsje Somaalje hast bedrigestabylLinaria johannis op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Finkfûgel