John Fugelsang (folút: John Joseph Fugelsang; Long Island, 3 septimber 1969) is in Amerikaansk akteur, komyk, presintator, polityk kommentator en publisist. As akteur spile er û.o. yn 'e tillefyzjesearjes CSI, Providence en Becker en de film Coyote Ugly. As komyk reizge er yn Noard-Amearika stêd en lân ôf mei optredens. Hy presintearre û.m. America's Funniest Home Videos en ferskate praatprogramma's. Yn 2025 publisearre er it non-fiksjeboek Separation of Church and Hate.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Fugelsang waard yn 1969 berne op Long Island yn 'e Amerikaanske steat New York, as de soan fan in úttrêde fransikaanske mûnts en in úttrêde karmelityske non. Hy is fan mingd Deensk-Dútsk-Iersk etnysk komôf en waard grutbrocht yn in progressive foarm fan 'e lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Nei de middelbere skoalle studearre Fugelsang film en tillefyzje oan 'e Universiteit fan New York (NYU). Hy learde neitiid troch oan it Teäterynstitút fan 'e Universiteit fan Boston (BU) en oan it Circle in the Square Theatre.

Karriêre Fan 1996 ôf spile Fugelsang toaniel, mar hy wie ek te sjen yn ferskate tillefyzjesearjes, almeast yn byrollen. Sa hied er gastrollen yn 'e komeedzjesearjes The Michael Richards Show en Becker, spile er in oplichter dy't fermoarde wurdt yn 'e plysjesearje CSI: Crime Scene Investigation, en hied er in weromkearende rol yn trije ôfleverings fan 'e dramasearje Providence. Op it wite doek wie Fugelsang te sjen yn films as Somewhere in the City, Coyote Ugly, Savage in Limbo en The Girl on the Train.

Behalven as akteur wurke er ek as komyk. Hy hie optredens op festivals yn Aspen en Montreal, reizge stêd en lân ôf mei foarstellings yn stand-upcomedyklubs en gie yn 2007 op toernee yn New York, Los Angeles, Seattle, Albuquerque en Miami mei syn onemanshow Al the Wrong Reasons.

As presintator wie Fugelsang foar it earst te sjen op VH1, dêr't er yn 1996 de dokumintêrerige VH1 Archives presintearre. Fan 1998 oant 1999 presintearre er as opfolger fan Bob Saget it grappige fideoprogramma America's Funniest Home Videos, yn 'e mande mei Daisy Fuentes. Yn 2004 wied er de ko-presintator fan McEnroe, it praatprogramma fan tennisser John McEnroe op CNBC, dat mar in koart libben beskern wie. Fierders died er mei Ben Mezrich de presintaasje fan World Series of Blackjack op GSN. Yn 2013 wied er acht moannen lang de presintator fan it politike praatprogramma Viewpoint op 'e tillefyzjestjoerder Current TV.

Letter yn syn karriêre lei Fugelsang him wat langer wat mear ta op it jaan fan kommentaar op polityk, religy en maatskiplike kwestjes. Sa wied er geregeldwei te sjen yn Bullseye op CNBC, Red Eye op Fox News en The Stephanie Miller Show op 'e nasjonale syndisearre radio. Dêrnjonken hat er ek te gast west op CNN en MSNBC. Sûnt 2015 hied er in eigen radioprogramma, Tell Me Everything, op Sirius XM. Yn 2025 brocht Fugelsang syn earste boek út, mei as titel Separation of Church and Hate, oer hoe't rjochts Amearika it kristendom en de Bibel misbrûkt en ferdraait foar syn eigen doelen.

Priveelibben Fugelsang troude yn 2004 mei ûntwerpster Charmien LaFramenta. Hja hawwe ien bern, in soan, dy't Henry Jack hjit. Fugelsang en de frou wenje ôfwikseljend yn Hollywood en New York.

Filmografy

|align="center"| 1996 || Conception || Jack || koarte film |- |align="center"| 1996 || VH1 Archives || n.f.t. || as presintator; dokumintêresearje |- |align="center"| 1997 || George Harrison & Ravi Shankar: Yin & Yang   || n.f.t. || as presintator; tillefyzjespecial |- |align="center"| 1998 || Twice Upon a Time || Brett || tillefyzjefilm |- |align="center"| 1998 || The Daily Show || himsels || sketcheprogramma; 1 ôfl. |- |align="center"| 1998–1999  || America's Funniest Home Videos || n.f.t. || as presintator; 21 ôfl. |- |align="center"| 1999 || Politically Incorrect || himsels || komeedzjeprogramma; 1 ôfl. |- |align="center"| 1999 || Beyond Belief: Fact or Fiction || Artie || gastrol; ôfl. s3e12 |- |align="center"| 1999–2002|| Providence || Chris Calloway || weromkearende rol; 3 ôfl. |- |align="center"| 2000 || The Michael Richards Show || Mauskopf || gastrol; ôfl. Simplification |- |align="center"| 2000 || Becker || Greg Jackson || gastrol; ôfl. Beckerethics |- |align="center"| 2000 || Flix || n.f.t. || as presintator |- |align="center"| 2001 || 18 Wheels of Justice || ûnbekend || gastrol; ôfl. Come Back, Little Diva |- |align="center"| 2001 || CSI: Crime Scene Investigation || Vincent Thomas Avery || gastrol; ôfl. Ellie |- |align="center"| 2002 || Late Friday || himsels || komeedzjeprogramma; 1 ôfl. |- |align="center"| 2002 || The Conspiracy Zone || himsels || dokumintêresearje; ôfl. FEMA |- |align="center"| 2003 || House of Clues || ûnbekend || pilotôflevering |- |align="center"| 2004 || McEnroe || n.f.t. || as ko-presintator; praatprogramma; 22 ôfl. |- |align="center"| 2010 || Curb: The Discussion || n.f.t. || as presintator; praatprogramma; 4 ôfl. |- |align="center"| 2012 || John Fugelsang: So That Happened || n.f.t. || as presintator |- |align="center"| 2012 || Caffeinated with John Fugelsang || n.f.t. || as presintator; 20 ôfl. |- |align="center"| 2017 || Tutor Pimp || Jacob || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2017–2018 || Page Six TV || n.f.t. || as presintator |- |align="center"| 2019 || Jonathan Pie's American Pie || himsels || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2021 || Radio Gods || Choade || gastrol; 1 ôfl.

|align="center"| 1998 || Somewhere in the City || Henry || |- |align="center"| 1998 || Decampitated || tillefoanstimspesjalist || |- |align="center"| 1999 || Final Rinse || Ozzie || |- |align="center"| 2000 || Coyote Ugly || Richie de boeker || |- |align="center"| 2005 || The Basement || de Man|| |- |align="center"| 2009|| The Whole Truth || ofsier fan justysje Smith || |- |align="center"| 2012 || Price Check || Jake || |- |align="center"| 2014 || The Girl on the Train || lotterijman || |- |align="center"| 2017 || Maggie Black || Paul ||

Keppelings om utens Offisjele webside fan John Fugelsang Folsleine filmografy fan John Fugelsang yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk radiopresintator Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk polityk skriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Deensk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969